Man út Surhústerfean (41) dea fûn yn kanaal yn Grins

29 sep 2021 - 12:51

Yn in kanaal yn Grins is it lichem oantroffen fan in man út Surhústerfean. Dat meldt de plysje.

Foto: ProNews

It lichem waard tiisdei al fûn yn it Oosterhamrikkanaal yn Grins, flakby de Zaagmuldersbrug. Yntusken is bekend wurden dat it giet om in man fan 41 út Surhústerfean.

De plysje kin noch neat sizze oer de oarsaak fan de dea. Dêr wurdt noch ûndersyk nei dien.

(Advertinsje)
(Advertinsje)