Ferkearsregelder oanriden; bestjoerder tsjinholden mei trekkers

29 sep 2021 - 13:59

By in krusing by Aldeholtpea is in ferkearsregelder oanriden troch in automobilist. De automobilist woe trochride, mar minsken dy't oan de dyk wurken ha him tsjinholden mei in trekker en in graafmasine.

Foto: Omrop Fryslân

Neffens in wurdfierder fan de plysje is de ferkearsregelder behannele troch minsken fan de ambulânse. It is net dúdlik oft er ferwûne rekke is.

In tsjûge sei tsjin Omrop Fryslân dat in part fan de dyk ôfset wie omdat der oan wurke waard. De autobestjoerder woe net omride, en ried tsjin it ferkear yn. Hy joech gas doe't er tsjinholden waard troch de ferkearsregelder. Dy kaam op de motorkap fan de auto telâne.

De bestjoerder fan de auto is oanholden troch de plysje.

Trefwurden: 
Aldeholtpea dyk oanriding wurk
(Advertinsje)
(Advertinsje)