Twadde autobrân yn ien wike yn Drachten

Foar de twadde kear yn fiif dagen is yn Drachten in auto nei alle gedachten yn 'e brân stutsen. Yn de nacht fan tiisdei op woansdei barde dat oan de Ratelwacht.
Brânwacht docht neibluswurk yn Drachten © SRFotografie
Doe't de plysje by de auto oankaam, op in parkearplak achter in flatgebou, stienen de tsjillen oan 'e rjochterkant yn e brân.
De plysje hie de brân gau ûnder kontrôle. De auto stie al moannen op itselde plak en hie gjin nûmerboerd.

Oanmaakblokjes

By de auto binne oanmaakblokjes fûn. De plysje docht noch fierder ûndersyk nei de brânstichting.
Ferline wike waard yn de nacht fan freed op sneon oan de Graverij yn Drachten ek al in auto yn 'e brân stutsen. Doe brânde de auto folslein út.