Projekt 'Kansen voor Kinderen' moat bern mei taalefterstân yn Ljouwert helpe

'Kansen voor Kinderen' is de namme fan it projekt dêr't de gemeente Ljouwert de kommende acht jier op ynset. Sa rjochtet de gemeente har mear op bern mei in taalefterstân.
Taalefterstân © ANP
Om de taalefterstân by bern fuort te wurkjen, feroaret de gemeente it budzjet foar it saneamde Integrale Kind Centrum (IKC). Yn sa'n sintrum kinne bern tusken de 0 en de 12 jier terjochte foar ekstra ûnderwiis. Benammen skoallen wurkje oan de IKC mei.

Jild oars ferdiele

De ôfrûne jierren ha ferskate IKC's yn Ljouwert jild krigen. Mar by de iene is de ûntwikkeling better as by de oare. "We fine dus ek dat it jild dan oars ferdield wurde moat", seit wethâlder Hilde Tjeerdema. "We sille ek stranger nei de subsydzje sjen. It is net mear samar oan te freegjen. We sille presys byhâlde wat der mei it jild bart. IKC's krije wol mear mooglikheden om minsken oan te nimmen."
Ek sil de oanpak fan bern dy't in efterstân hawwe oars wurde. "Wy sette folle mear yn op de jongerein oant seis jier. Dêr kinne we noch in protte winne. Geane sy nei skoalle? Krije sy de goeie oanpak? Mei dy fragen moatte we de kommende jierren dwaande wêze."
Hilde Tjeerdema oer Kansen voor Kinderen