Fryslân en Grinslân lobbye foar Lelyline by EU yn it Europeeske 'Year of Rail'

28 sep 2021 - 21:00

Foar de oanlis fan de Lelyline wolle de provinsjes Fryslân en Grinslân ek by de Europeeske Uny lobbye om jild. Deputearren fan beide provinsjes prate ynkoarten mei leden fan de Europeeske Kommisje.

Foto: Omrop Fryslân

Dat dogge Avine Fokkens fan Fryslân en Fleur Gräper fan Grinslân yn Amsterdam, yn it ramt fan it Europeeske Year of Rail, skriuwt RTV Noord.

Foar it Year of rail riidt in spesjale trein, de saneamde 'Connecting Europe Exress' fan de Europeeske Kommisje, troch Europa. De deputearren wolle de moeting yn Amsterdam brûke om omtinken te freegjen foar de Lelyline en de Wunderline.

Streekrjochte ferbining

De twa provinsjes tinke dat de Lelyline en de Wunderline, in ferbining tusken Grins en it Dútske Bremen, fersterkjend foar de regio wurkje sille as se ien kear oansletten binne op it netwurk fan Nederlân en Europa. De treinferbiningen moatte úteinlik soargje foar in streekrjochte ferbining tusken Amsterdam en Bremen. "We hopen dat samen onder de aandacht te brengen", seit Fleur Gräper, deputearre fan Grins.

Deltaplan voor het Noorden

De moeting fan de deputearren mei de leden fan de Europeeske Kommisje is ûnderdiel fan de lobby dy't earder al úteinsetten is, bygelyks troch mei it 'Deltaplan voor het Noorden' te kommen. Dit plan omfettet ûnder oare de oanlis fan in flugge spoarline fan Lelystêd nei Grins en de bou fan 220.000 ekstra wenten.

Trefwurden: 
Brussel lobby Lelyline
(Advertinsje)
(Advertinsje)