Deputearre Hoogland wol rôfdieren ûntmoedigje om skriezepykjes te iten

28 sep 2021 - 19:23

De delgeande line fan hieltyd minder greidefûgels ombûge yn in opgeande line: dat is de ambysje fan it nije greidefûgelbelied fan de provinsje Fryslân.

Foto: Shutterstock.com (SGR Wildlife Photography)

Grutte, gearhingjende greidefûgel-plusgebieten, lykas foarsteld yn it Oanfalsplan Grutto fan Pieter Winsemius, moat it tal briedende skriezen yn Fryslân wer tanimme litte nei op syn minst 10.000 pearkes.

It nije belied is eins in trijetrepsraket, seit deputearre Douwe Hoogland. De provinsje stribbet nei provinsjebrede basissoarch foar greidefûgels, nei agrarysk natuerbehear yn greidefûgelkearngebieten én nei it ûntwikkeljen fan greidefûgel-plusgebieten mei in heger wetterpeil, krûderyk gerslân en rêst.

"Rôfdieren ûntmoedigje skriezepykjes te fretten"

Rôfdieren soene yn sokke gebieten ûntmoedige wurde moatte om skriezepykjes op te fretten, seit Hoogland. Bygelyks troch it pleatsen fan in stek. "Yn hiele grutte gebieten kinne je dat better dwaan as yn ferskillende lytse gebieten." Om soks dwaan te kinnen is it neffens Hoogland wichtich om de gebieten en ek de biotoop goed op oarder te hawwen.

Hoogland hat de yndruk dat 2021 in better jier is foar de greidefûgels as de ôfrûne jierren. "De offisjele sifers moatte noch komme, mar it liket net ferkeard. De maitiid wie wiet en der is let meand en dêrtroch wiene der mear pykjes."

De provinsje wol de kommende 9 jier it skrieze-oanfalsplan fan Winsemius yn de praktyk bringe.

Deputearre Douwe Hoogland oer de greidefûgelplannen fan de provinsje

(Advertinsje)
(Advertinsje)