Súdwest-Fryslân set yn oktober útein mei ferhoaren yn ûndersyk nei Empatec

28 sep 2021 - 17:50

Yn de riedseal fan Súdwest-Fryslân binne oer twa wiken iepenbiere ferhoaren oer de grutte finansjele problemen fan sosjaal wurkbedriuw Empatec. It is it swierste middel dat de ried ynsette kin om te sjen wat der bard is.

It Bestjoershûs yn Snits, dêr't de gemeenteried fan Súdwest-Fryslân gearkomt - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

De ferhoaren binne live te folgjen op de webside fan de gemeente of yn de seal sels. Wa't der foarkomme, wurdt letter noch bekend makke.

Soarte 'parlemintêre enkête'

Je kinne it ferlykje mei in parlemintêre enkête lyk as bekend fan de lanlike polityk, seit VVD-riedslid Lianne van der Wal, dy't by de riedsenkête belutsen is. "In december is een motie aangenomen om dit middel in te zetten om te kijken wat er is gebeurd en om lessen te trekken. Dat gebeurt niet vaak, het is de tweede keer in Fryslân."

VVD-riedslid Lianne van der Wal

De gemeenteried fan Súdwest-Fryslân hat al yn maart ynstimd mei de riedsenkête nei Empatec. It moat ynsjoch jaan yn de relaasje mei de gemeente, de ôfspraken, ferantwurdlikheden en it proses.

Finansjeel sûn wurde

Neffens Van der Wal binne der noch in soad fragen. "Er zijn financiële problemen ontstaan bij Empatec, maar we hebben de vinger er niet op kunnen leggen. We willen weten wat er is gebeurd, waarom het in zo'n korte periode financieel zo achteruit kom lopen. En ook hoe we het in de toekomst voorkomen, want we willen een financieel gezond Empatec."

Net op syk nei 'bijltjesdag'

Yn koarte tiid moast der al trije kear ekstra jild nei Empatec. "Dat doen we met alle liefde om de doelroep te helpen, maar op een gegeven moment is de kas gewoon leeg." Dochs hoecht it net perfoarst te betsjutten dat it de ein is foar de gearwurking. "Dat is niet aan de orde. We zijn niet op zoek naar een bijltjesdag of een schuldige."

Yn desimber moatte der konklúzjes nei bûten komme fan it ûndersyk fan Súdwest-Fryslân. "Er zijn meerdere gemeenten die met Empatec samenwerken, maar wij zijn wel de grootste deelnemer. Andere gemeenten kijken wel met heel veel interesse mee."

(Advertinsje)
(Advertinsje)