Jierliks 9000 meldingen fan húslik geweld yn Fryslân

28 sep 2021 - 17:23

20 persint fan de Nederlânske jongerein tusken de 16 en 24 jier hawwe yn 2020 te krijen hân mei húslik geweld, dat meldt it CBS. Ek yn Fryslân komme der op jierbasis sa'n 9000 meldingen binnen, dat seit Jeannette Nijland fan de Fryske jeugdbeskerming.

Foto: ANP

Njonken fysyk geweld, lykas slaan, kin húslik geweld ek in psychyske foarm oannimme: "Dan heb je het over dwingende controle, dat mensen dominant zijn en willen bepalen hoe iemand leeft. Daarnaast heb je ook nog stalking en seksueel geweld", seit Nijland

Earnst geweld nimt ta

By Veilig Thuis Friesland komme der jierliks 9000 meldingen fan húslik geweld binnen. Neffens Nijland is dat oantal de lêste jierren stabyl. "We zien wel dat de ernst van het geweld toeneemt. Met name in het begin van de coronacrisis zijn er ook meer huisverboden uitgedeeld."

Yn de coronaperioade is it tal meldingen lykwols net tanommen. "Je ziet vaak dat de meldingen van professionals komen. In de eerste coronaperiode kwamen professionals ook minder ter plekke. Wat we wel hebben gezien is dat we veel meer meldingen kregen van direct betrokkenen, zoals buren en familie", seit Nijland.

Dat belutsenen mear oan de bel lûke, is neffens Nijland in goede ûntwikkeling. "Het is een verschrikkelijk onderwerp, maar het is goed dat mensen vroegtijdig vragen om advies. Dat is ontzettend van belang om te voorkomen dat geweld erger wordt."

Jeannette Nijland fan de Fryske jeugdbeskerming

(Advertinsje)
(Advertinsje)