Offalkeunst yn Harns mei it boadskip: de Waadsee is gjin jiskefet

28 sep 2021 - 16:37

In fleske, in ballon en oar plestik guod: yn abstrakte foarm sit dit op de muorre fan it entrepotgebou oan de Willemshaven yn Harns. It keunstwurk bestiet út recycle swalkôffal en moat foarbygongers bewust meitsje dat de Waadsee gjin jiskefet is.

Sa sjocht it keunstwurk der út:

Doe't Sander Vredeveld wer yn Harns kaam te wenjen fûn er dat der mear omtinken foar swalkôffal yn de Waadsee komme moast. "Snoepwikkels, zakjes van kroketten: mensen laten met gemak spullen slingeren", seit er.

Keunstneres Renske Herder is troch Vredeveld frege om it keunstwurk te meitsjen en kaam foar ynspiraasje by de Harnzer jutter Henk Prins. Hy hellet alle dagen in soad plestik ôffal út de haven en fan de pieren en dat rint op nei 100 konteners mei hûssmoargens it jier.

Foto: Omrop Fryslân

It keunstwurk lit yn abstrakte foarm dat swalkôffal sjen. De foarmen binne fan recycle materiaal dat út hiel Nederlân wei komt, seit Vredeveld.

De wite panielen binne bygelyks makke fan kuolkasten. Vredeveld hopet dat minsken troch it keunstwurk tenei gjin rommel mear fleane litte en bewustere oankeapen dogge.

Foto: Omrop Fryslân

It keunstwurk is troch sponsoaren en subsydzje fan de gemeente Harns mooglik makke en wurdt tiisdeitejûn offisjeel ûntbleate.

(Advertinsje)
(Advertinsje)