Operaasje Fryske Flagge: Jan en Emma prate Frysk yn Kanada

Alle lannen op ierde hawwe in emoji fan de eigen flagge, mar de Fryske flagge stiet der net by. Omrop Fryslân wol mei Operaasje Fryske Flagge berikke dat de Fryske flagge yn de list fan emoji's komt. Dat slagget ús net allinnich. Friezen om utens kinne harren Fryske flagge op ús online wrâldkaart pleatse. Dizze wike: Jan Wijmenga fan Kanada.
Jan Wijmenga © Jan Wijmenga | Omrop Fryslân
Jan is hikke en tein yn Drachten, mar wennet sûnt ein 2016 yn Edmonton, yn Kanada. "Ik wenje hjir no hast fiif jier, it befalt oer it algemien goed", seit Jan.
Hy hie al lang de winsk om yn Kanada te wenjen. "It is in moai grut lân mei noch in soad romte. Ticht by de Rocky Mountains, foar Kanadeeske begripen dan."

Yn Kanada terjochte kaam

Dat er yn Kanada bedarre, hat alles mei syn frou te krijen. Sy komt út Kanada wei. "Ik studearre biology en yn it lêste jier op de universiteit kaam ik myn frou tsjin. Ik haw myn frou yn Harns moete. Dêrnei bin ik earst nei Montreal ferhuze, dêr't myn frou har promoasje die."
Dêrnei hawwe sy noch efkes yn Dútslân en op Teksel wenne. "It hat efkes duorre, mar wy binne troud en wenje no opnij yn Kanada."
Jan Wijmenga fan Kanada
Hjoed-de-dei wurket Jan as assistint op de universiteit. "Myn frou hat dêr in baan as professor biology krigen. Ik doch in soad praktysk fjildwurk. Wy dogge benammen ûndersyk nei fûgels. Ik sammelje gegevens en organisearje it materiaal. En wy traine studinten om it fjild yn te gean."

Fûgels ûndersykje

Dat betsjut dat der somtiden fûgels fongen en ringe wurde moatte by flink lege temperatueren. "Ik kin sels goed oer de kjeld, as ik my in bytsje goed klaai dan giet it al gau goed. As ik werom yn Nederlân bin, dan bin ik dêr troch de wiete kjeld suver kâlder as hjir", seit Jan.

Frysk mei heit, Ingelsk mei mem

Hy hat bewust de kar makke om Frysk tsjin syn dochter te praten. Emma is no njoggen jier âld en mei ek graach filmkes fan HEA! werom sjen.
Mei Operaasje Fryske Flagge sammelet Omrop Fryslân foto's fan Friezen om utens fan oer de hiele wrâld, om sa sjen te litten hoe ynternasjonaal de Fryske flagge is. It ultime doel: foarinoar krije dat der in Fryske flagge-emoji komt.
Al mear as 200 ynstjoeringen binne op de kaart pleatst.
Jan: "Ik praat altyd Frysk mei har en lês altyd boeken foar. Ik bin der wol pragmatysk yn. It Frysk is bûten Fryslân net sa nuttich, mar it is myn memmetaal. As ik mei net-Friezen praat, freegje sy wolris wêrom't ik gjin Nederlânsk tsjin de bern praat. Mar bûten Nederlân is it Frysk sawat like nuttich as it Nederlânsk. Dus mei my is it Frysk en mei mem is it Ingelsk."