75 nije coronabesmettingen yn Fryslân

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 75 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne 20 mear as moandei. Doe waarden 55 nije coronabesmettingen meld.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
De 55 besmettingen fan moandei wie it leechste tal nije besmettingen sûnt begjin july.
It giet allinnich om tests dy't ôfnaam binne troch de GGD. De testen foar in coronatagongsbewiis wurde net yn dizze sifers meinommen.
Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 75 besmettingen meld yn Fryslân. Moandei lei dat trochsneed op 73, in wike lyn op 103.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus. Der binne ek gjin pasjinten mei it coronafirus yn de Fryske sikehuzen opnommen.

10 coronapasjinten yn de Fryske sikehuzen

Neffens it Acute Zorgnetwerk Noord Nederland lizze der op dit stuit 10 pasjinten mei it coronafirus yn de Fryske sikehuzen. Fan har lizze 7 op de intensive care en 3 op oare ôfdielingen.
Yn de trije noardlike provinsjes giet it yn totaal om 17 pasjinten op de intensive care en 10 pasjinten op oare ôfdielingen.
Tal pasjinten mei corona yn de Fryske sikehuzen (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen tiisdei op 1739. It trochsneed fan de ôfrûne sân dagen is 1680.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.