IM easket 18 jier sel yn heger berop foar moard op Sineeske hierbaas yn Ljouwert

28 sep 2021 - 14:02

It Iepenbier Ministearje easket yn heger berop 18 jier sel tsjin in man fan 27 jier út Sina. Hy wurdt derfan fertocht dat er twa jier lyn yn Ljouwert syn 73-jierrige hierbaas, ek út Sina, fermoarde hat. De fertochte wie feroardiele ta in selstraf fan 12 jier.

It appartemint oan de Gerbrandywei dêr't it slachtoffer fûn waard - Foto: Kappers Media

It lichem waard mids july 2019 fûn yn in appartemint oan de Gerbrandywei yn Ljouwert. It slachtoffer lei yn in tichte sliepkeamer, ferpakt yn jiskepûden en ûnder in steapel klean.

De fertochte hie yn Fryslân studearre en hierde in keamer fan it slachtoffer. Neffens it Iepenbier Ministearje hie de hierder in flinke hierefterstân en hie er dus jild nedich. Nei de moard hie er dat ynienen.

De rjochtbank Noord-Nederland feroardiele de fertochte novimber ferline jier ta in selstraf fan 12 jier foar deaslach, it stellen fan goed 5.000 euro en wytwaskjen.

IM: moard, gjin deaslach

It IM is yn heger berop gien. Se wienen it net iens mei de rjochtbank dat der 'allinnich' sprake wie fan deaslach. Dêrom fynt de offisier fan justysje dat in te lege straf oplein is. Justysje hie achttjin jier easke.

De offisier fan justysje yn it heger berop, de advokaat-generaal, fynt dat der sprake is fan moard. Der wie in motyf om de hierbaas te fermoardzjen, omdat de fertochte finansjele problemen hie. Boppedat hie de fertochte goed neitocht oer syn plan om it slachtoffer te deadzjen en it lyk te ferstopjen.

Het kan niet worden gezegd dat sprake was van een ogenblikkelijke gemoedsopwelling bij de verdachte.

De advokaat-generaal

Neffens de advokaat-generaal wie it gjin tafallige besite fan de fertochte oan it slachtoffer yn de nacht fan 1 op 2 july 2019. "Als ik daarbij ook in ogenschouw neem dat het slachtoffer bij het aantreffen was gekleed in een T-shirt en een onderbroek, dus vermoedelijk de kleding waarin hij gewoonlijk sliep, kan niet worden gezegd dat sprake was van een ogenblikkelijke gemoedsopwelling bij de verdachte."

De plysje oan de Gerbrandywei - Foto: Anton Kappers

In moardwapen is nea fûn. De advokaat-generaal hat it 'sterke fermoeden' dat it giet om in halter fan 2 kilogram. "Waarom verdachte tot de aanschaf is overgegaan en waarom hij deze na een paar dagen heeft weggedaan, blijft vaag. Opvallend daarbij is dat de verdachte al een paar dagen daarvoor, op 28 juni 2019, op het internet heeft gezocht naar dit voorwerp."

It Ljouwerter gerjochtshôf docht oer twa wiken útspraak yn it heger berop.

(Advertinsje)
(Advertinsje)