Ljouwerter hoareka wol sintraal kontrôlepunt foar coronatagongsbewizen

Yn Ljouwert moat in kontrôlepost komme foar minsken dy't op stap wolle. Dat is it plan fan de Ljouwerter hoarekasektor.
Der soe in corona-kontrôlepunt komme moatte:
Stappers soenen by de kontrôleposten harren QR-koade toane moatte om tagong te krijen ta de kroegen. Dan hoecht oan de doar net mear kontrolearre te wurden.
Sûnt ôfrûne wykein is in QR-koade ferplicht foar minsken dy't bygelyks in kroech yn wolle. Guon saken binne dêr prinsipieel op tsjin, mar in folle gruttere groep hat der simpelwei de minsken net foar om kontrôles oan de doar út te fieren.
"Boppedat stienen der ôfrûne wykein lange rigen foar de kafees", seit Ton Eijer. Hy is foarsitter fan de Ljouwerter ôfdieling fan de Koninklijke Horeca Nederland. "Dit soe wat mear rêst jaan."

Stimpel of polsbantsje om sûnens oan te toanen

Om sokke problemen te omsilen, soenen stappers by tagong yn it útgeansgebiet in stimpel of polsbantsje krije moatte, as se mei in QR-koade oantoane kinne dat se faksinearre, negatyf test of opknapt binne.
Yn de rige op it Ruterskertier yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
De Ljouwerter hoareka sjocht dêrby nei bygelyks Breda en Alkmaar. Dêr is sa'n systeem ôfrûne wykein al brûkt. Boargemaster Depla fan Breda neamt it systeem in sukses. Yn dy stêd binne sneon 6.700 bantsjes útrikt.
"Het is duidelijk gebleken dat je op deze manier de druk op de horeca en op andere plaatsen waar veel mensen tegelijk naar binnen wilden, enorm kunt verminderen", seit Depla yn it AD.
Yn Alkmaar wurkje se mei stimpels. Dat kinst ek net trochjaan.
Ton Eijer
Eijer sjocht dus it ek wol sitten. "Yn Alkmaar wurkje se mei stimpels. Dat kinst ek net trochjaan. En sa dochst op ien sintraal plak de kontrôle foar de QR-koades. Dat soe op it Saailân kinne, by de Harmonie of op 'e Nijstêd. Dêr moatte we even nei sjen."

Op mear plakken

As it systeem ynfierd wurdt yn Ljouwert en in sukses is, dan wolle oare Fryske plakken folgje. Woansdei ha de Ljouwerter en de Fryske ôfdieling fan de Koninklijke Horeca Nederland in oerlis mei boargemaster Buma fan Ljouwert.
Neffens Eijer soe it dit wykein yn Ljouwert al ynfierd wurde kinne. "Sa'n systeem mei stimpels of bantsjes kinst maklik bestelle. Dan moatte je noch in plak fine dêr't je it kontrolearjen dogge. Mar ik tink dat je dit hiel gau regelje kinne."