Ofslútdyk hiele jûn en nacht ôfsletten: ferkear moat omride oer Flevolân

28 sep 2021 - 11:40

Ferkear dat tiisdeitejûn- of nacht fan Fryslân nei Noard-Hollân ta wol - of oarsom - kin net oer de Ofslútdyk. De dyk is ticht fanwege wurk oan de brêge en slûzen.

De Ofslútdyk - Foto: ANP

De dyk giet tiisdeitejûn om 19.00 oere ticht en dat bliuwt sa oant woansdeitemoarn 5.00 oere.

It ferkear wurdt omlaat oer de N307 (Houtribdijk) en de Flevopolder. It skipfeartferkear moat al langer rekken hâlde mei in stremming fan de Stevinslûzen. Dat duorret oant woansdeitejûn 22.00 oere. Skippen kinne omfarre oer de Lorentzslûzen.

Trefwurden: 
A7 Ofslútdyk omlieding
(Advertinsje)
(Advertinsje)