UFO boppe Fryslân? Dit wie der moandeitenacht echt oan 'e hân

28 sep 2021 - 11:15

Lytsewierrum, Snits, De Lytse Jouwer, Ingwierrum, It Hearrenfean, Lippenhuzen, West-Skylge, Sint-Nyk, Reahel; fan Friezen út al dizze doarpen krige UFO Meldpunt Nederland moandei nei 23.00 oere melding fan in nuver ljochtferskynsel.

Friezen brochten op UFO Meldpunt Nederland waarnimmingen troch fan in 'objekt yn piramidefoarm' of 'in trijehoeke foar de doer fan 1 minút.' It gie lykwols net om in ufo.

Gjin bûtenierdske skepsels

It docht bliken dat it gjin bûtenierdske skepsels wiene, mar in raket: de Landsat 9. Om krekt te wêzen giet it om in satellyt dy't de ierdbol observearje moat. De raket waar moandei lansearre fan de Space Launch Complex-3E ôf yn Kalifornië. It barde op in Atlas V 401-draachraket.

It ljocht wie wat sy yn it Ingelsk in deorbit burn neame: it ûntstiet troch it ôffjurjen fan de motoaren om it romtefartúch de goede kant op te stjoeren.

Undersykssatellyt

De Landsat 9-satellyt waard yn in baan om de ierde lansearre. De foto's dy't makke wurde, helpe bygelyks om de gefolgen fan boskbrannen en wettergebrûk yn kaart te bringen. It is in projekt fan de Amerikaanske romtefeartorganisaasje NASA en de US Geological Survey.

(Advertinsje)
(Advertinsje)