PvdA-steatelid Stalenburg: 'Campingbelied net oerlitte oan frije merk'

28 sep 2021 - 07:24

De provinsje Fryslân moat neffens PvdA-steatelid Jaap Stalenburg beleid meitsje foar campings. De frije merk soarget neffens him foar in minne ûntwikkeling, nammentlik dat in soad fêste plakken ferdwine.

In fêst plak op camping It Soal yn Warkum. Dêr binne grutte plannen om it park te feroarjen. - Foto: Omrop Fryslân

Stalenburg komt nei oanlieding fan berjochtjouwing fan Omrop Fryslân mei fragen oan Deputearre Steaten. Yn de kommende twa jier ferdwine yn it súdwesten fan Fryslân hast tûzen fêste seizoensplakken op campings. Yn plak dêrfan komme djoerdere plakken, bygelyks sjalets.

"Dat is een groot probleem voor mensen die gewend zijn om jarenlang een vaste plaats op de camping te hebben", seit Stalenburg. "Dat is landelijk ook zo. Het is een trend dat op campings goedkope, vaste plaatsen verdwijnen voor lodges."

Jaap Stalenburg - Foto: Omrop Fryslân

Dat soarget derfoar dat fêste plakken foar in groep minsken aanst net mear te beteljen binne. "De prijzen stijgen enorm, mensen vinden steeds moeilijker een plaats."

Mear jild yn lúkse plakken

Toerisme-ûndersiker Jasper Heslinga fan NHL Stenden en Data Fryslân seit dat ûndernimmers folle mear fertsjinje kinne mei sjalets of lúkse lodges as mei fêste plakken op in camping. "Tuurlijk willen ondernemers winst maken", seit Stalenburg.

Neffens it Steatelid hat de coronakrisis syn ynfloed ek hân. "Mensen konden moeilijker op vakantie naar het buitenland, dus ook mensen met een grotere beurs zijn naar Fryslân gaan kijken."

Er dreigt een verrommeling van het landschap.

Jaap Stalenburg (PvdA)

It finansjele aspekt is neffens Stalenburg net it iennige probleem. "Er dreigt ook een verrommeling van het landschap. Je krijgt van die enorme parken met allemaal dezelfde chalets."

Campings nij libben ynblaze

De oplossing? Neffens Stalenburg soe ferantwurdlik deputearre Avine Fokkens in foarbyld nimme moatte oan Drinte. "Daar worden campings nieuw leven ingeblazen. Laat er een beleid komen waarmee je kunt zorgen dat een camping goed en veilig kan draaien."

"Mensen met geld krijgen voorrang op de gewone man, dat doet zeer":

Earder die wethâlder Marian Jager-Wöltgens fan Eaststellingwerf ek de oprop om te sjen nei Drintsk belied.

De provinsje Drinte hat seis miljoen euro stutsen yn it fitaler meitsjen fan âlde parken. Somtiden slagget dat net en dan krije parken in oare funksje. Drinte wol bygelyks ek parken oanpakke dy't gjin rekreative bestimming mear ha, mei as doel om fertutearzjen tsjin te gean.

'Oanpak yn Drinte wurket'

Sa hat in camping yn Hoogersmilde, oan de râne fan it Drents-Friese Wold, in ton krigen fan it programma Vitale Vakantieparken Drenthe.

En ek al is Eaststellingwerf lid fan it Recreatieschap Drenthe, de Fryske gemeente krijt dy miljoenen net. Dat wol Eaststellingwerf wol graach, want neffens de wethâlder wurket de oanpak yn Drinte.

(Advertinsje)
(Advertinsje)