Ljouwert: eksperimint mei frijskatten 'problematyske skulden' yn Ald-East

28 sep 2021 - 06:27

De gemeente Ljouwert wol by de brede oanpak fan de problemen yn de wiken oan de eastkant fan de stêd eksperimintearje mei it frijskatten fan problematyske skulden.

It UWV yn Ljouwert - Foto: ANP

As it oan wethâlder Hein Kuiken leit, kin sa'n pilot al yn 2022 begjinne, nei it fêststellen fan de nije nota earmoedebelied.

Problematyske skulden binne skulden dy't sa slim binne, dat dy problemen opsmite. Bygelyks as ien de iepensteande rekkens net mear betelje kin, wêrtroch't wer nije skulden ûntsteane.

Lês by it CBS wat kritearia binne by problematyske skulden.

De Ljouwerter ried prate moandeitejûn oer de brede oanpak fan Ljouwert-Ald-East troch in breed gearwurkingsferbân fan maatskiplike organisaasjes. Evert Stellingwerf fan GrienLinks fynt dat dy oanpak fokusje moatte soe op it bestriden fan earmoed en skulden. Hy pleite foar 'radikale oplossingen'.

Dan hoecht net ien him dêr mear drok om te meitsjen.

It kwytskelden fan skulden is it meast effisjint, neffens Evert Stellingwerf (GrienLinks)

"Earmoede is yn Ljouwert noch hieltyd in hartstikke grut probleem", sei Stellingwerf. "No't we mei it Ryk ekstra jild stekke yn dizze wiken is dat in moaie kâns om de earmoed en skulden echt oan te pakken."

"It frijskatten fan skulden is it meast effisjint. Dan hoecht net ien him dêr mear drok om te meitsjen."

Eksperimint

Wethâlder Hein Kuiken is dwaande mei in nije nota earmoedebelied. "Wij willen graag wat experimenteren."

Ljouwert-Ald-East is ek neffens Kuiken hiel geskikt foar in eksperimint om de skuldeproblemen oars oan te pakken.

"We weten dat mensen vaak heel lang moeten wachten op een schuldregeling en dat mensen met een minimum daar nog jaren aan moeten betalen. Daarmee ontneem je ze eigenlijk de ruimte om te kunnen leven."

De wethâlder sjocht 'maatskiplike winst' yn it frijskatten fan de restskuld. As dat bart, dan mei der ek in tsjinprestaasje frege wurde, fynt Kuiken. "Als het een jongere is, kun je vragen dat die aan z'n opleiding werkt."

(Advertinsje)
(Advertinsje)