Ien ferwûne by stekynsidint yn Ljouwert, 53-jierrige man oanholden

By in stekynsidint yn Ljouwert is man fan 42 jier út de stêd ferwûne rekke. Nei in syktocht hat de plysje in 53-jierrige man, ek út Ljouwert, oanholden as fertochte.
De plysje die ûndersyk yn de wyk:
It ynsidint wie moandeitejûn om 21.15 oere hinne, oan de Archipelwei yn de stêd. De plysje krige in melding fan in fjochtpartij op strjitte. Doe't de plysje oankaam, fûnen se it slachtoffer yn in portyk. Hy wie swierferwûne en is oerbrocht nei it sikehûs.
Direkt dêrnei is de plysje úteinset mei in wiidweidich ûndersyk. Om likernôch 23.30 oere is de fertochte oanholden.
Fierder ûndersyk moat útwize wat him krekt ôfspile hat en wat de oanlieding wie. De plysje hopet noch mei mear tsjûgen te sprekken.