Minister hâldt fêst oan gaswinning Ternaard: "Een logische keuze"

27 sep 2021 - 21:43

Demisjonêr minister Stef Blok fan Ekonomyske Saken hâldt fêst oan de gaswinningsplannen by Ternaard. Dat skriuwt er yn in brief oan de Twadde Keamer.

Stef Blok yn Ternaard - Foto: ANP

Blok wie twa wiken lyn sels yn Ternaard. Doe sei er ek al dat er de gaswinning net keare koe.

Yn de brief oan de Twadde Keamer beklammet er opnij dat gaswinning ûnder de Waadsee allinne tastien wurdt as it feilich kin, en as der gjin skea troch ûntstiet oan it miljeu. Neffens Blok is der sprake fan "aanvaardbare risico's".

Doe't Blok yn Ternaard wie, waard er opwachte troch demonstranten:

"Juist omdat ik de Waddenzee koester, heb ik alles in het werk gesteld om er voor te zorgen dat gaswinning veilig en op een verantwoorde manier kan plaatsvinden", seit Blok no.

Neffens Blok is it "een logisch keuze" om by Ternaard gas ûnder de see wei te heljen. Nederlân kin de kommende tiid noch net sûnder gas.

Om de klimaatdoelen te heljen moatte we earst ophâlde mei it ferstoken fan koal en oalje, en pas as lêste mei gas, seit Blok. En gas út Nederlân is better foar it klimaat, as gas út it bûtenlân.

"Dit betekent dat gaswinning in Nederland bijdraagt aan het beperken van de CO2-uitstoot in het mondiale energiesysteem."

(Advertinsje)
(Advertinsje)