Roelof fan De Gordyk folbringt solotriatlon: "Ik belibbe it yn in soart trance"

27 sep 2021 - 20:50

Roelof Stoelwinder (23) fan De Gordyk hat snein in solotriatlon dien: 3,9 km swimmen, 180 km fytsen en 42,6 km draven. Hy rûn fan Giethoorn nei syn wenplak De Gordyk. Dêr kaam er ek efkes by it hûs fan syn pake en beppe del. Moandei is er 'brak', mar "Ik kin der de hiel dei fan genietsje."

Foto: Roelof Stoelwinder

Roelof Stoelwinder (23) fan De Gordyk en studint bedriuwskunde oan de Hanze Hogeschool yn Grins hat snein hielendal allinnich in triatlon dien. Hy wie foarhinne aktyf as hurdfytser. Dat gie net hielendal goed, want hy foel yn in peloton in pear kear op de holle.

Dat barde yn 2018 wer en doe konstatearre de dokter dat er lichte harsenskea hie. As er nochris op de holle falle soe, koe it folle slimmer wurde. Hy koe der mar better mei ophâlde.

"Mysels binnenste bûten keare"

Der moast wat oars komme en dat waard in solotriatlon. Syn freonen neamden it ek wol 'de Gedykman', in ferhaspeling fan De Gordyk en de triatlons Frysman en Ironman. Roelof woe mei dizze Gedykman-solo-triatlon sjen wêr't syn grinzen lizze. "Ik woe mysels binnenste bûten keare. Mear dwaan as de holle seit datst kinst."

Sneintemoarn om healwei sânen wie it safier. Yn Lippenhuzen begûn er mei 3,9 km swimmen. Dêrnei stapte er yn De Gordyk op de fyts mei 180 km foar de boech. Nei sawat 35 km foel er mei de fyts.

Syn linkerskonk lei iepen. Hy hie lêst fan de heupe en it skouder. Mar hy sette troch, mei medyske begelieding fan syn freondinne Bo dy't mei de auto achter him oan ried. Se soarge ek foar iten en drinken ûnderweis.

Trance

Roelof hat alle ûnderdielen allinnich dien, mar der wiene wol freonen en kunde dy't in stikje mei swommen, fytsten en draafden. Underweis fielde er him beroerd nei dy falpartij.

Roelof is in trochsetter: "Ik gean gewoan troch. Op in stuit skoot de pine en de omjouwing nei de achtergrûn ta. Der ried in auto by my del mei lûde muzyk. Ik belibbe it yn in soart trance."

Pake en beppe

It lêste ûnderdiel, de maratonôfstân, rûn er fan Giethoorn nei syn wenplak De Gordyk. En fansels ek efkes by it hûs fan pake en beppe del. De jûns om sawat healwei njoggenen wie er wer by Sportcentrum Kortezwaag op De Gordyk.

Hoe witst er wêr't er krekt del moast by sa'n soloprestaasje? "Ik hie de rûte dield mei de meifytsers en de draafrûte hie ik fierhinne yn de holle", fertelt er.

Brak de hiele dei genietsje

In dei nei syn solotriatlon fielt er him 'brak'. Hy kin dreech rinne. "Ik kin der de hiele dei fan genietsje", seit er. Hy bedoelt it op twa manieren. Iroanysk om syn brakke tastân, mar ek posityf: genietsje fan de prestaasje dy't er levere hat.

Trefwurden: 
De Gordyk triatlon
(Advertinsje)
(Advertinsje)