Gemeenten kinne net foarkomme dat fakânsjeparken campings oernimme

27 sep 2021 - 18:56

Súdwest-Fryslân en De Fryske Marren hawwe gjin foech as it giet om fakânsjeparken dy't lytse campings oernimme yn harren gemeente. Neffens Albert van Keimpema fan de VVD yn De Fryske Marren soe de gemeente hjir aktiver mei oan de gong wêze moatte.

Albert van Keimpema fan de VVD yn De Fryske Marren - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Op 29 septimber wurdt yn de riedsgearkomste fan De Fryske Marren in moasje behannele, yntsjinne troch Albert van Keimpema fan de VVD, oer lokaasjes dêr't kampearterreinen ynrjochte wurde kinne.

Yn de kommende twa jier ferdwine hast tûzen fêste seizoensplakken op campings yn it súdwesten fan Fryslân. It komt troch nije plannen en oernames fan ferskate campings.

Hieltyd mear terreinen wurde ferkocht oan grutte spilers op de merk. De polityk kin no sels neat dwaan as in nij idee yn it bestimmingsplan sit.

'Gemeente moat earder yngripe'

De ûndernimmer hat de frijheid om jild te fertsjinjen. Oft er no fêste gasten krijt of de lodges foar in wike ferhiert, dêr hat de polityk neat oer te sizzen. Dat moat oars, fynt Van Keimpema. De gemeente moatte earder yngripe.

Van Keimpema seit dat hy foar rekreaasje en toerisme is, mar dat der in breed palet wêze moat yn de provinsje; lytsskalige terreinen likegoed as parken.

'Lokaasjes oanwize'

"We kinne dêr as gemeente pro-aktyf yn wêze. We kinne yn it foar lokaasjes oanwize dy't net samar feroare wurde meie. In fêst campingplak moat dêr mooglik wêze. Tink bygelyks yn Gaasterlân oan in plak op de Hege Gerzen. Dêr soe sa'n fêst campingplak mooglik wêze moatte."

Albert van Keimpema fan de VVD yn De Fryske Marren

Van Keimpema neamt it politike ûnwil dat de gemeente op foarhân de hannen derôf lûkt en seit dat it net te foarkommen is dat campings oernaam wurde. Gemeenten kinne bêst wol pro-aktyf meitinke, fynt hy.

Genôch fraach

De politikus fynt bygelyks dat foarôf lokaasjes socht wurde moatte dy't geskikt binne foar lytse of grutte terreinen, dy ynsichten oanbiede. En dan de merk syn wurk dwaan litte. "Jo sjogge dat der genôch fraach is nei fêste plakken. Lit ús dêr yn de takomst yn foarsjen."

Foar de minsken mei fêste plakken dy't no ferdwine, komt de moasje lykwols te let. Foar harren kin de polityk neat mear dwaan.

(Advertinsje)
(Advertinsje)