Wynjewâld rint waarm foar enerzjybesparring

27 sep 2021 - 18:37

Goed 130 fan de yn totaal 850 húshâldens yn Wynjewâld meitsje al gebrûk fan in spesjale sjek om enerzjy te besparjen. Wynjewâld is in proefprojekt fan it ministearje fan Ynlânske Saken.

Isolaasje - Foto: ANP

Alle húshâldens yn it doarp krigen yn april in sjek fan twatûzen euro. Dat mei nei eigen ynsicht útjûn wurde.

It ministearje hat yn totaal fan 4,3 miljoen euro beskikber steld. Mei dat jild moat besocht wurde it doarp op termyn ierdgasfrij en enerzjyneutraal te krijen.

Andere keuzes

Dêr't minsken yn it begjin benammen keazen foar de oanskaf fan sinnepanielen, wurdt der no mear ynvestearre yn bettere isolaasje en waarmtepompen, seit Janny Jansma fan Wijnjewoude Energie Neutraal (WEN).

"Nu zie je toch dat er andere keuzes gemaakt worden. Dat heeft ook te maken met voorlichting."

De doelstelling fan WEN is dat Wynjewâld yn 2025 enerzjyneutraal is. Jansen is derfan oertsjûge dat dat mooglik is.

Wynjewâld wol energie neutraal wurde

Jansma is bliid dat 130 gesinnen de sjek no al fersulvere ha. "Je ziet dat er een vibe ontstaat in het dorp."

"Mensen steken elkaar aan in hun enthousiasme. Dat is de bedoeling ook want zoiets in een dorp moet vanuit de gemeenschap zelf komen. Dat moet je niet opleggen. Wij richten ons op de mensen, niet op de huizen."

Hierders

Foar hierders is de regeling oars. Sy kinne 500 euro besteegje oan bygelyks in enerzjysunige waskmasine. De rest moat yn oparbeidzjen mei de ferhierder útjûn wurde oan ferduorsuming.

Jelke Nijboer is drok dwaande dat foarinoar te krijen. Mei in groep bewenners wol hy mei wenningboukorporaasje Elkien om tafel om te sjen wat mooglik is.

"Hjir moat echt wat dien wurde oan isolaasje. Ik ha it sels wol aardich op 'e rit, mar ik wit dat der yn húzen om my hinne echt in soad besparre wurde kin."

(Advertinsje)
(Advertinsje)