De Jong tinkt net oan ophâlden: "Nei ôfskied as trainer sykje ik oare rol"

27 sep 2021 - 17:41

Noch in pear jier trainer wêze fan SC Cambuur en dan in stapke werom dwaan binnen de klup. Henk de Jong tinkt alfêst nei oer syn takomst en fertelt yn de SportCast fan Omrop Fryslân dat Cambuur wol ris syn lêste klup wêze kin yn it betelle fuotbal.

Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it sportnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.

De SportCast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen.

As trainer fan de nûmer sân fan de earedivyzje is Henk de Jong te gast yn de SportCast. "Dat is lekker", fertelt de Drachtster, dy't seach dat syn ploech snein mei grutte sifers (4-0) wûn fan Sparta Rotterdam.

Issa Kallon wie yn dat duel de grutte man mei twa goals en in assist. "Hy is al tiden belangryk foar ús. Dat lobke op Bangura wie net normaal. Alle dagen dei ha ik him even by my, efkes fêsthâlde en koart prate. Efkes gefoel by dat mantsje ha. Dat betellet him út."

It mei ek wol leger yn in funksje wêze, as ik mar wurkje kin oan de groei fan dy klup.

Henk de Jong oer syn takomst

De Cambuur-trainer waard foarige moanne 57 jier. As je gjin Dick Advocaat hjitte, betsjut it dat it grutste part fan je trainerskarriêre derop sit. Dat jildt ek foar De Jong. Syn kontrakt rint nei dit seizoen noch ien jier troch, mei in opsje op noch in jier.

In ideaalsenario hat De Jong ek wol foar eagen. "No noch twa jier echt goed prestearje en sjen dat myn assistint-trainers harren diploma's helje. As Cambuur dan mei in jonge trainer fierder wol, gean ik yn in oare rol."

"Dêr ha ik it wol ris mei Gerald van den Belt oer. Mei jonge minsken om de âlde garde hinne", fertelt de man dy't Cambuur twa kear kampioen makke.

Foto: Orange Pictures

En wat soe dy oare rol dan wêze? "Scoute of wat technysk wurk. En dat hoecht net yn as manager, want ik sit net op Foeke Booy syn plak te aazjen. It mei ek wol leger yn in funksje wêze, as ik mar wurkje kin oan de groei fan dy klup."

Foppe en Riemer-tribune

Dat sc Hearrenfean syn klupikoanen snein eare hat mei in eigen tribune, is neffens de Cambuur-trainer echt terjochte. "Riemer en Foppe hearre dêr in tribune te hawwen. Wat dy manlju dien ha, is unyk."

Sportferslachjouwer Roelof de Vries tinkt der ek sa oer, mar: "Dêr sit wol in bepaalde mate fan ûngemak yn. Se steane wol op it fjild mei Cees Roozemond derneist. Dy kinne mekoar net luchtsje. Dat sizze sy net, mar dat sis ik wol."

(Advertinsje)
(Advertinsje)