Gemeente Ljouwert hellet stekken om Prinsetún fuort, net mear nedich

27 sep 2021 - 15:42

De stekken om de Prinsetún hinne yn Ljouwert binne fuorthelle. De gemeente hie se delsette litten yn it ramt fan de coronamaatregels. Mei de stekken koe it park makliker ôfsletten wurde, as it te drok waard. Nachts wie it stedspark de Prinsetún ticht.

Stekken yn de Prinsetún wurde fuort helle - Foto: Kappers Media

No't de oardelmeterregel opheft is, kin elk him wer frij yn it park bewege en binne de stekken oerstallich wurden. Se hawwe der mear as in jier stien.

(Advertinsje)
(Advertinsje)