Tal nije besmettingen yn moannen net sa leech

27 sep 2021 - 15:30

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 55 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It is hast trije moannen lyn dat it tal nije besmettingen leger wie.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

Op 7 july waarden der 49 nije besmettingen meld. Dat wie oan it begjin fan de fjirde golf, de 'discopyk'.

Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 73 besmettingen meld yn Fryslân. Snein lei dat oantal op 77, in wike lyn op 108.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus. Der binne ek gjin pasjinten mei it coronafirus yn de Fryske sikehuzen opnommen.

Lanlik

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 1411. It trochsneed fan de ôfrûne sân dagen is 1673. Dat is fergelykber mei it besmettingsnivo fan begjin july.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

(Advertinsje)
(Advertinsje)