Ljouwert en Noardeast tefreden oer earste 'stapwykein' sûnder oardel meter

27 sep 2021 - 14:27

De gemeenten Ljouwert en Noardeast-Fryslân sjogge tefreden werom op it earste wykein mei de ferplichte CoronaCheck-app yn de hoareka en sûnder de oardelmeterregel.

Tige drokke earte stapjûn yn it sintrum fan Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Yn Ljouwert binne gjin warskôgingen útdield oan hoarekabedriuwen. Plysjes en hanthaveners ha mei-elkoar de stêd yn west. Mei hoarekaûndernimmers dy't yn it foar oanjoegen dat se har net oan de regels hâlde soenen, hat yn it foar kontakt west.

Net genôch personiel

Neffens de gemeente hat dat ek holpen yn it goede ferrin fan it wykein. Guon saken ha de doarren tichtholden omdat se net oan de regels foldwaan koenen, bygelyks omdat se te min personiel ha om de kontrôles oan de doar út te fieren.

Boargemaster Buma fan Ljouwert sei earder al dat er ek net direkt boetes útdiele wol. "Zeker de eerste twee weken zijn we afwachtend, dat is ook landelijk gezegd. Maar als het te gek wordt en iemand weigert gewoon echt, dan kan het betekenen dat je moet handhaven."

Gjin ekstra boa's

Yn de gemeente Noardeast-Fryslân hat it rêstich west, meldt in foarljochter. De gemeente hie boa's op paad stjoerd om te sjen hoe't it gong. Der binne gjin ekstra boa's ynset.

Neffens de gemeente holden de measte ûndernimmers har oan de maatregels, mar wie der ek ûnbekendheid en ûndúdlikens oer dy maatregels. Dêrneist wiene guon ûndernimmers benaud foar negative reaksjes of agresje fan klanten. Dat is ôfrûne wykein allegear goed gien, liket it op. De gemeente stimt de hanthavening ôf mei de Veiligheidsregio Fryslân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)