FNP folget mei spanning Dútske ferkiezingen, sit foar susterpartij

27 sep 2021 - 14:24

"It wie bêst wol spannend. De partij SSW moast 40.000 stimmen helje en it waarden 15.000 mear." Sijbe Knol (FNP) hat mei grutte belangstelling de Dútske ferkiezingen folge.

Stefan Seidler, de listlûker fan it SSW - Foto: ANP

De Frysk-Deenske minderheid yn Sleeswyk-Holstein komt nei lange tiid wer yn de Bundestag. De FNP wol ek yn it nasjonale parlemint en tinkt leare te kinnen fan de kampanje fan it SSW.

It is de Dútske regionale partij Südschleswigsche Wählerverband (SSW) slagge om mei de lanlike ferkiezingen fan snein ien sit yn de Bundestag - sis mar de Dútske Twadde Keamer - te heljen.

De partij foar de Fryske en Deenske minderheid yn Sleeswyk-Holstein komt dêrmei foar it earst yn mear as sechtich jier yn it nasjonale regear. Yn de ferkiezingskampanje ferwiisde it SSW nei de Fikingen.

Kampanje basearre op Fikingskiednis. 'Wy sile nei Berlyn':

Fan leare

Provinsjaal fraksjefoarsitter Sijbe Knol fan de FNP giet yn novimber mei in ploech FNP'ers op wurkbesite nei it SSW. By de FNP set meikoarten in 'Wurkgroep Twadde Keamerferkiezings' útein mei ûndersyk oft de partij oan de lanlike ferkiezings meidwaan kin. Wat it SSW berikt hat is in boppeslach, seit Knol. "Dêr kin de FNP in soad fan leare."

It SSW hat mear stimmen krigen as earder by regionale ferkiezingen. Se krigen doe 49.000 stimmen, no hiene se mear as 55.000 stimmen. Dat komt ek trochdat de tradisjonele grutte middenpartijen yn Dútslân net mear sa grut binne, seit Knol. En boppedat hat it SSW in poerbêste kampanje fierd mei in eigen lûd.

De FNP hat ek op ynternasjonaal nivo kontakten mei it SSW. Minderheden dy't net folle gehoar krije by de lanlike oerheid sykje wol gauris harren heil by Europa. De EU hat wol in soad oandacht foar minderheden. It SSW is in pro-Europa-partij. Se sitte mei de FNP en oaren yn de Europeeske Frije Alliânsje (EFA).

Ynfloed

It SSW kriget no ien sit yn de Bundestag. It Dútske nasjonale parlemint telt mei-inoar mear as achthûndert sitten. Wat kin de partij berikke foar de Frysk-Deenske minderheid? Knol: "It SSW kin ynfloed hawwe yn Berlyn troch mei te dwaan yn it debat en de oaren sjen te litten 'troch de eagen fan it Noarden.'"

Syn partij, de FNP, moat dat ek dwaan yn Den Haag, fynt Knol. De FNP docht oeral oan mei, mar sit noch net yn de Twadde Keamer. Knol. "By in folsleine emansipaasje fan ús partij heart in plak yn de Twadde Keamer."

(Advertinsje)
(Advertinsje)