FIDEO: Walrus swimt yn haven fan Skiermûntseach

De walrus dy't in wike lyn sjoen is by in sânplaat yn it Waadgebiet, hat no in plakje fûn yn de haven fan Skiermûntseach.
Sjoch hjir hoe't de walrus fan in sânbank nei de haven fan Skier swimt (bylden fan Cynthia Borras en Astrid Bijlsma):
Dat de walrus yn Fryske wetteren ferbliuwt is bysûnder, want de bisten libje meastentiids op driuwiis yn de poalsee. It wie 23 jier lyn dat der foar it lêst in walrus yn Nederlân oan wâl kaam is.
It giet om in froutsje dat earder al by Denemarken en Dútslân sjoen is. Der binne ferskate populaasjes fan walrussen op de wrâld, bygelyks boppe Skandinavië en by Grienlân. Mar yn de praktyk ferlitte walrussen it poalgebiet noait. Sy kinne wol lange ôfstannen swimme.

Betize?

Wêrom't guon walrussen sa fier súdlik ôfsakje is net bekend. It soe wêze kinne dat sy op syk binne nei iten of it paad bjuster binne troch it lûd fan skippen.
Undersiker Sophie Brasseur fan de universiteit fan Wageningen fynt dat minsken de walrus net opsykje moatte. "Ik zou genieten van de beelden die toevalligerwijs gemaakt worden en er niet met z'n allen bovenop duiken. Laat de Waddenzee met rust. De kans dat hij verdwijnt als er allemaal mensen zijn is alleen maar groter", seit Brasseur.