Starum krijt testlokaasje foar tagongspas, Dokkum mooglik ek

27 sep 2021 - 12:16

Yn Starum komt in lokaasje dêr't minsken har op corona teste litte kinne foar as se derop út wolle. Dat seit foarsitter Pier Eringa fan de Stichting Open Nederland, de organisaasje achter Testen voor Toegang. Der wurdt ek sjoen nei in lokaasje yn de omkriten fan Dokkum.

Starum - Foto: Shutterstock.com / Steve Photography

Freed kaam Starum yn it nijs omdat it ien fan de plakken yn Nederlân is dêr't ynwenners it langste ûnderweis binne nei in testlokaasje. Starumers moatte nei Snits ta, dat is goed trije kertier riden.

Minsken yn it noardeasten fan de provinsje binne ek lang ûnderweis. Dy moatte nei Drachten, Ljouwert of Grins ta. "We ha Dokkum yn byld", seit Eringa. "We binne yn oerlis mei de gemeente."

Dit wykein moasten minsken foar it earst sa'n QR-koade sjen litte yn bygelyks restaurants. Dat hat foar in soad ekstra drokte soarge by de testlokaasjes, seit Eringa. Freed binne der 1.500 tests ôfnaam, sneon 4.600 en snein 1.200. Dat is mear as dûbeld safolle as ôfrûne wykeinen.

Der komme mear testlokaasjes by, op plakken dêr't minsken no noch in ein reizgje moatte foar in test. "No't dy QR-koade en it testen belangriker wurdt, wurdt de need ek wat grutter. Dan oerlizze we mei it ministearje fan Folkssûnens. En as wy de tastimming krije, sette we it spul del."

Hiel dreech is it net. "We ha ek in bytsje de gemeente nedich, want we moatte in fergunning ha. Mar meastal fine de gemeenten it belangryk genôch om mei te wurkjen."

Binnen tweintich minuten te berikken

Demisjonêr minister Hugo de Jonge sei earder ta dat in testlokaasje foar hast elkenien binnen tweintich minuten mei de auto te berikken wêze moat.

Fryslân hat sûnt ôfrûne wykein alve lokaasjes dêr't minsken har teste litte kinne foar in coronatagongsbewiis. Wa't net faksinearre of krektlyn opknapt is fan it firus, kin oan in tagongsbewiis komme troch in negative test ôf te leverjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)