Twadde protestaksje by camping It Soal: "Ik ha der pinebealch fan"

27 sep 2021 - 13:16

Fyftich gasten fan camping It Soal yn Warkum litte opnij fan har hearre. Se protestearje tsjin de plannen foar de bou fan 150 lúkse lodges op de camping. Dat soe betsjutte dat 400 eigeners fan steancaravans en sjalets harren steanplak kwytreitsje.

Fêste steanplakken op AquaResort It Soal - Foto: Michael Westermeier

"Save it Soal", roppe de fêste campinggasten yn de protestmars. Foar harren is dit noch in lêste poging om harren ûnfrede hearre te litten. De emoasjes sitte heech.

Dat jildt ek foar Tjerk Jongstra. Hy wennet yn Ljouwert en komt al 55 jier op de camping. "Fiskje, boatsje farre. Ik koe hjir fan alles", seit er mei de triennen yn de eagen. "It docht sear. Ik ha pine yn de bealch."

Tjerk Jongstra sit al 55 jier op It Soal - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Ferslach fan it protest op It Soal

Wylst de protestearders noch hoop ha foar in oplossing, ha ek in soad campinggasten it al opjûn. Nei skatting gean sa'n sechstich campinggasten oan de ein fan dit seizoen al fuort, wylst se eins noch wol in seizoen stean bliuwe kinne. Se ha gjin nocht mear yn gedoch.

Ien fan harren is Ed Wender. Hy stiet al njoggen jier op It Soal, mar rommet de kommende wiken syn steancaravan op.

De campingcultuur wordt weggevaagd en het wordt een elitefeestje.

Ed Wender

Foar Wender syn famylje, en ek foar de oare gasten, wie it emosjoneel om te hearren dat se harren plakje kwytreitsje soene. "We zijn gek van watersport en we hebben vele surfspots op de wereld bezocht, maar deze plek in Friesland is zeker als beginnersstek voor mijn zoontjes de perfecte plek."

Nettsjinsteande dat Wender sels kiest om no fuort te gean, fynt er it tige spitich. "Wat ik erg vind, is dat de overheid dit laat gebeuren. De campingcultuur wordt weggevaagd en het wordt een elitefeestje." Wender ferwiist nei it feit dat hieltyd mear jierplakken ferdwine om dêr djoerdere húskes op te setten.

"Door de bril van de investeerder begrijp ik dat ze ook plekken willen reserveren voor de luxere campinggast, waar ook meer rendement op te behalen is. Maar het is jammer dat we in Nederland geen ruimte meer laten voor 'Jan modaal met de pet op' die ook graag z'n vakantie in Nederland willen doorbrengen."

"Ik zal straks niet meer geluk vinden"

Sels betellet er no 4.500 euro it jier foar in sjalet oan it wetter. As er op deselde camping nei de ferbouwing in húske ha wol, kostet dat him folle mear. Dit soe hy noch wol betelje kinne, mar in soad oare minsken net. "Ik zal straks niet meer geluk vinden in mijn eventuele nieuwe aankoop, want ik ga een hoop kitevrienden missen en ook de gezelligheid die we jaren hebben gehad op ons veldje."

Yn de kommende twa jier ferdwine hast tûzen fêste seizoensplakken op campings yn it súdwesten fan Fryslân. Dêrfoar yn it plak komme faak lúkse lodges. Yn 2012 hie Fryslân noch 120 terreinen dêr't sokke húskes op stean. No, njoggen jier letter, binne dat der 191. Allinnich Flevolân en Seelân ha in gruttere groei.

Jongstra jout ek oan dat hy de nije húskes dy't pleatst wurde net betelje kin. "Minsken dy't jild ha, ha mear om út te jaan as de gewoane man. Alles wurdt djoerder. It is net mear te beteljen."

De sjalet fan Wender wurdt yn oktober fuorthelle. Hy hopet dat gemeenten yn Fryslân harren hurd meitsje wolle foar alle wettersporters en meitinke wolle yn oplossingen: "We willen wel graag naar Workum blijven komen. Maar als de campingeigenaar in Workum ervoor kiest dat je in de toekomst wordt verplicht om je huisje te verhuren, zullen een hoop watersporters niet meer terugkomen."

Trefwurden: 
camping Warkum It Soal
(Advertinsje)
(Advertinsje)