Militêr oanholden foar stekynsidint yn Wolvegea

De plysje hat in militêr oanholden as fertochte by it stekynsidint yn Wolvegea. By dat ynsidint sneintejûn is in 37-jierrige frou út it doarp ferwûne rekke.
De maresjaussee yn Wolvegea © ProNews
De fertochte hat himsels meld by de plysje, meldt in wurdfierder. Neffens de plysje kenne it slachtoffer en de fertochte elkoar.
Omdat de fertochte in militêr is, wurdt it ûndersyk dien troch de Koninklijke Marechaussee. Dy docht foarearst noch gjin útspraken oer it ûndersyk.