Glêdens troch modder op de dyk kin skoft duorje: "Moat noch in soad fan it lân"

27 sep 2021 - 08:01

It is wer de tiid fan grutte, glibberige modderspoaren op de dyk. Boeren binne op it stuit folop gewaaksen oan it rispjen en dêrby wolle se noch wolris modder op 'e dyk ferlieze. En om't der noch in soad fan it lân moat, kin dat ek noch wol in skoftke duorje.

Foto: Shutterstock.com / Canberk.csr

Dizze moandei begjint dêrom de Fryske modderkampanje om minsken yn it ferkear te warskôgjen. It startsein fan dy kampanje wurdt jûn by it leanbedriuw fan Johannes Joostema yn Minnertsgea. Oan him de fraach wêr't minsken om tinke moatte en wat boeren sels dogge.

Hoelang binne jo de biten alwer oan it roaien?

"Op 13 septimber ha we de earste biten roaid, we binne no folop oan de gong."

No begjint dus de modderkampanje. Wat is dêr krekt it doel fan?

"It is in hiele goede saak om minsken der bewust fan te meitsjen dat we no yn de hjerst sitte. Ik seach it fan 'e moarn ek wol wer: it is wat damp waar, it storeint wat. Mei it drûge waar is der wat modder op de dyk kaam. Minsken moatte mei it autoriden en mei it motorriden attint wêze dat it 'glibberich' wêze kin mei drek op de dyk."

In boerd by de dyk om te warskôgjen foar de glêdens - Foto: Shutterstock.com / Ruud Morijn

Wat kinne je as boer sels dwaan om dy modderspoaren foar te kommen?

"Hielendal útslute dat der modder op 'e dyk komt kinne we net. Der komt sowieso altyd modder op de dyk, no ek al. Mar we moatte buorden pleatse, in skower derby om de boel skjin te krijen, in jarretank mei in biezem."

Jim dogge der dus fan alles oan, mar wêr moatte minsken op 'e dyk om tinkee?

"De minsken dy't op 'e dyk binne, moatte har der bewust fan wêze dat se dizze pear moannen hiel foarsichtich ride moatte. Want der moat noch in hiel soad fan it lân ôf helle wurde: de mais moat noch, de ierappels noch, de biten noch. Der moat noch hiel wat gebeure."

It falt net altyd ta, mar we dogge ôfgryslik ús bêst.

Johannes Joostema

Ha je mear tips foar minsken op 'e dyk?

"Even de snelheid derút, as je in boerd sjogge wêrop't warskôge wurdt foar de modder. Even de holle derby. Dêrnei is it wol wer goed, want it is hast altyd hiel lokaal. Mar der gebeure hast altyd ûngelokken."

Jo hoopje ek op begryp.

"We sitte yn in agraryske hoeke. Der moat hiel wat gebeure. Wy dogge ús best om it sa skjin mooglik achter te litten. Dat falt net altyd ta, mar we dogge ôfgryslik ús bêst."

Jo hienen it al even oer it waar. Watfoar ynfloed hat dat?

"Mei drûch waar komt der ek wol wat modder op de dyk, mar dan is it minder glêd. En it giet oant no ta hartstikke moai mei it waar, mar de boeren kinne de ierappels noch net roaie. Dat moat noch. Dus der komt noch hiel wat riderij op de dyk. Dan sil der ek modder op de dyk komme."

(Advertinsje)
(Advertinsje)