Foppe en Riemer ha eigen tribune yn Abe Lenstrastadion: "In hiele ear foar ús"

"Ik fyn it wol in moaie tribune. Hast fanút hjir in moai oersjoch oer de Foppe de Haan-tribune. Dat fyn ik wol moai." It mei dúdlik wêze, earefoarsitter Riemer van der Velde fan sportclub Hearrenfean is tige wiis mei syn eigen Riemer van der Velde-tribune yn it Abe Lenstrastadion.
In part fan de Riemer Tribune © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
De Foppe- en Riemer-tribune, de âlde West- en Easttribune, binne sneintemiddei in heal oerke foar it duel tsjin FC Twente offisjeel ûntbleate. Van der Velde wie der sels by: "Ik ha der mei folle teugen fan genoaten hjoed."
Ek Foppe de Haan wie oanwêzich yn it stadion. Hy woe benammen de manlju fan de podcast Radio Camataru, de inisjatyfnimmers fan it plan, bedanke. "De hearen ha dit prima regele. Ik bin der ek wol grutsk op, sa'n eigen tribune. In hiele eare, net allinnich foar ús mar ek foar alle minsken dy't yn it ferline dizze klup grut makke ha yn gearwurking mei ús."
Dochs wiene beide manlju, sa't se bekend steane, ek kritysk, benammen op de situaasje fan Hearrenfean op dit stuit. "Je wolle altyd graach dat it goed giet mei de klup", seit Foppe de Haan. "Bist fansels supporter fan de klup. Dus dan ha je sa no en dan kommentaar, dat is sa. Mar dat heart derby."
"Ik bin wol grutsk op myn eigen tribune"