Mozilla-projekt kin noch wol mear ynsprekkers Frysk brûke

26 sep 2021 - 19:57

Trijehûndert minsken hawwe fan 'e wike ynsprutsen foar it Mozilla-projekt. Friezen wurdt frege sintsjes yn te sprekken sadat dit aanst brûkt wurde kin foar bygelyks Siri of Google. Sa kin de spraak op ynternet ek Frysktalich wurde.

Wim Benes en Lysbeth Jongbloed - Foto: Simone Scheffer

Yn totaal binne no sa'n 16.000 sintsjes binnenkaam. Om it projekt echt suksesfol te krijen en mear mooglikheden te hawwen, is noch mear ynbring nedich.

Wim Benes en Lysbeth Jongbloed binne belutsen by it projekt. Sy hoopje dat mear Friezen dit de kommende tiid dwaan sille. As it Frysk yn it digitale tiidrek oerlibje wol, helpe ditsoarte saken op digitale media mei.

Wim Benes oer it tal ynsprekkers

300 Minsken hawwe dizze wike ynsprutsen op Mozilla

Neffens Jongbloed, dy't promovearre is op Frysk yn de sosjale media, brûke njoggen fan de tsien Frysktalige jongelju it Frysk op bygelyks Snapchat en Whatsapp.

De spraaktechnology kin yn de soarch ek in grutte rol spylje. By bygelyks demintearjende âlderein soe it helpe kinne as der Fryske sinnen nei harren ta útsprutsen wurde kinne. Mar ek yn sikehuzen soe Mozilla in rol spylje kinne.

Foto: Omrop Fryslân

Der kin de kommende tiid noch ynsprutsen wurde fia https://commonvoice.mozilla.org/fy-NL

It kostet in pear minuten om dit te dwaan en is tige tagonklik.

De hoop is dat Siri yn 2022 ek yn it Frysk brûkt wurde kin.

Frysk yn it digitale tiidrek mei Lysbeth Jongbloed en Wim Benes

(Advertinsje)
(Advertinsje)