Johnny Jansen baalt fan ferlies tsjin Twente: "We hebben collectief gefaald"

26 sep 2021 - 18:47

Troch in soad persoanlike flaters gie Sportklup Hearrenfean sneintemiddei yn eigen hûs mei 2-3 ûnderút tsjin FC Twente. It moast earst 0-3 wurde, foar't de thúsploech in bytsje yn de wedstriid kaam. Trainer Johnny Jansen wie nei ôfrin hurd foar syn ploech: "Vandaag hebben we collectief gefaald."

"Je begint zo ongelofelijk slecht aan de wedstrijd"

Jansen wie benammen lulk oer de earste helte. "Je begint zo ongelofelijk slecht aan die wedstrijd. Met een penalty tegen en dan krijgt je keeper een tik. Pas als we in de tweede helft de 1-3 maken, ontstaat er een ander sfeertje. Ja, zeg het maar."

Neffens de trainer siet der snein gjin karakter yn 'e ploech. "Dat kan gewoon niet. Kijk, je kunt nog zo slecht voetballen, maar dan moet je datgene brengen wat nodig is om wedstrijden te winnen. Dan moet je karakter tonen, dat hebben we niet gedaan."

'Niet groter maken dan het is'

Twadde keeper Xavier Mous kaam yn de twadde helte yn it fjild, om't earste keeper Erwin Mulder net mear fierder koe troch in blessuere. De ynfaller stie nei ôfrin dan ek mei mingde gefoelens foar de mikrofoan: "Ik ben blij dat ik mijn debuut heb gemaakt, en dat ik nog een lekkere bal heb kunnen pakken. Maar we hebben goedkope goals weggegeven."

"Vandaag goedkope goals weggegeven"

De meast opfallende tsjingoal wie de 0-3, in eigen doelpunt fan Sven van Beek. "Dat is zuur, zeker. Ik vroeg hem op links, dat zag Sven ook, maar Van Wolfswinkel tikt die bal net aan waardoor het helemaal mis gaat. Dat is ontzettend klote, maar eigenlijk zat het goed. Alleen de uitvoering, daar baal je van, maar je moet ook weer door. Je moet het ook niet groter maken dan het is."

Vlap werom yn Fryslân

By tsjinstanner FC Twente stie Snitser Michel Vlap yn de basis. Vlap spile yn it ferline foar Hearrenfean. It wie dan ek in spesjale wedstriid foar de oanfaller: "Je ziet allerlei mensen bij de club die je nog kent. Je bent ook 17 jaar kind van de club geweest natuurlijk. Heerenveen zit ook in mijn hart, en dat zal ook wel zo blijven."

Neffens Vlap wie de oerwinning fan syn Twente terjochte. "Ik denk dat wij heer en meester waren vandaag, en dat we het onszelf nog onnodig moeilijk maken op het einde. We staan dadn natuurlijk nog wel onder druk, maar we hebben zeker verdiend gewonnen. We waren scherper, wonnen meer tweede ballen en we voetbalden echt heel goed. Dan is het heel leuk om op het veld te staan."

"Half Sneek zat vandaag op de tribune"

(Advertinsje)
(Advertinsje)