Skouboarch De Harmonie sloopt 'oardelmetertribune' út grutte seal

Meiwurkers fan de Ljouwerter skouboarch De Harmonie binne snein begûn mei it slopen en demontearjen fan de tydlike 'oardel-metertribune' yn de grutte seal.
De oardelmetertribune yn De Harmonie wurdt yn heech tempo sloopt © Omrop Fryslân
De tribune waard sneontejûn noch brûkt by de premjêre fan dûnsfoarstelling 'Nice to meet you' fan it jonge Ljouwerter selskip Ivgi & Greben. Sneintemoarn betiid waard fuortendaliks begûn mei de sloop fan de tribune dy't spesjaal foar De Harmonie ûntwurpen is.
"In coronatijd hebben we de tribune in een paar weken gebouwd om toch intieme voorstellingen in de anderhalve meter setting mogelijk te maken. Nu moet hij er in een paar dagen weer uit", fertelt programmeur Jelle van der Meulen fan De Harmonie. "Aanstaande vrijdag moet alles er weer tiptop uitzien."
De tydlike tribune stie oan wjerskanten fan it toaniel © Omrop Fryslân
Mei tank oan de nije coronaregels dy't dit wykein yngien binne, mei de stedsskouboarch wer alle sitplakken ferkeapje. Dat betsjut dat de kapasiteit yn de grutte seal wer ferdûbele wurdt fan 500 plakken yn de tydlike opstelling nei in lytse tûzen plakken.
It Noord Nederlands Orkest is op freed 1 oktober it earste selskip dat wer de âlde Harmonieseal bespylje mei. Troch de sloop fan de tydlike houten tribune, dy't op in festivalsteiger stie, komme de fertroude fêste reade stuollen wer foar it ljocht.
Jelle van der Meulen is bliid dat it lang om let wer safier is. "We nemen afscheid van deze zaal met veel mooie herinneringen, maar met veel hoop voor de toekomst."
Harmonie sloopt oardelmetertibune
Harkje nei programmeur Jelle van der Meulen