Aris kin stunt tsjin Donar gjin ferfolch jaan yn duel tsjin Feyenoord

26 sep 2021 - 17:09

De basketballers fan Aris út Ljouwert ha de stunt tsjin Donar fan freedtejûn gjin goed ferfolch jûn. Yn Rotterdam waard mei 69-66 ferlern fan Feyenoord.

Ar'mond Davis, Casper van Pluuren en Reinder Brandsma - Foto: Orange Pictures

Aris begûn goed oan it duel. Healwei it earste kwart smyt dat in foarsprong op fan tsien punten (1-11). Dat koene de Ljouwerters aardich trochlûke, sadat it earste kwart dúdlik foar Aris wie. Dêrnei kaam Feyenoord stadichoan werom yn de wedstriid.

Dramatysk twadde kwart

Fan 15-26 ôf makken de Rotterdammers tolve punten op rige. Nei't de foarsprong fuort wie, wie Aris wekker. Oant de ein fan it twadde kwart stie der dan ek 34-34 op it skoareboerd.

Nei it skoft wie it Feyenoord dat better út de klaaikeamer kaam. De ploech pakte in lytse foarsprong (43-38) en koe dat fêsthâlde. Mei noch ien kwart te gean moast Aris yn de efterfolging.

Trijepunter falt no net

Feyenoord hie nei trijekwart wedstriid in foarsprong fan 13 punten (58-45). Wêr't Aris thús tsjin Donar in efterstân yn it fjirde kwart noch omdraaie koe, slaggen de Ljouwerters dêr snein net yn. De ploech fan trainer Van Sliedregt kaam noch wol werom oant 69-66, mar dizze kear miste Brock syn trijepunter yn de lêste sekonden.

Maconda oanjeier

Brock waard wol de topskoarer oan de kant fan de Ljouwerters, mei fyftjin punten. Hy hie ek tsien assists. De skotpersintaazjes wienen minder yndrukwekkend: fan syn achttjin pogingen gong in tredde part raak.

Njonken Brock hellen ek Ryan Logan (fjirtjin punten) en Shaquille Doorson (tolve) de dûbelde sifers.

José Dimitri Maconda hie minder grutte sifers, mar de minuten dat hy yn it fjild stie, skoarde Aris wol tsien punten mear as Feyenoord.

(Advertinsje)
(Advertinsje)