Issa Kallon nei oerwinning tsjin Sparta: "Wij waren scherper voor de goal"

26 sep 2021 - 16:58

Sportklup Cambuur wûn sneintemiddei mei 0-4 op besite by Sparta. It wie de grutste út-oerwinning yn de earedivyzje yn de skiednis fan de Ljouwerters. Grutte man by Cambuur wie Issa Kallon, dy't de 2-0 en de 3-0 makke.

"Ik maakte ze wel rustig af"

Kallon wie ek belangryk by de 1-0, dêr't er de assist joech op Alex Bangura. "Het kon vandaag niet beter, vooraf had je hiervoor getekend," seit de rappe fleugeloanfaller nei ôfrin. "Bijna elke kans van ons ging erin, dus misschien is de uitslag wat geflatteerd, maar wij waren gewoon scherper voor de goal. "

In romme oerwinning dus foar Cambuur, en dat wylst de Ljouwerters it dreech hiene yn de earste helte seach Kallon. "We begonnen slap en kregen geen grip op Sparta. Daardoor kwamen we niet in onze kracht. Na de eerste goal werd dat anders, toen begonnen we te voetballen en ging het een stuk beter."

Dat it úteinlik 0-4 wurdt is logysk neffens Kallon. "Na rust moeten zij komen. Je weet dat ze gaan aanvallen, dan krijg je kansen in de omschakeling. Dat hebben wij goed uitgespeeld."

"Ik keek nog of er iemand vrijstond"

De man dy't Cambuur yn de earste helte op 1-0 sette, Alex Bangura, hie nei ôfrin allinnich mar moaie wurden oer foar oanfaller Kallon. "Ik kreeg een mooie bal van Issa. Toen keek ik of er iemand vrij stond voor de goal, maar daarna besloot ik zelf te schieten," seit de linksback oer syn doelpunt.

"Issa was op de brommer vandaag"

Bangura koe genietsje fan syn maatsje oan de linkerkant yn de twadde helte: "In de tweede helft heb je een snelle jongen als Issa, die blijft twee keer rustig in de afronding en dan ben je gezien. Dan is hij op de brommer. Alle complimenten naar Issa vandaag."

Dochs woe de ferdigener ek de rest fan syn teamgenoaten net ferjitte. "Het was vandaag een teamprestatie, ik ben heel erg trots op het team vandaag en ik ben blij met de drie punten. We gaan met een goed gevoel terug naar Leeuwarden."

'Te beskieden'

Dat goede gefoel hie ek trainer Henk de Jong. "We wiene wat te beskieden yn it begjin. Dat ha ik yn it skoft ek sein, dat moat derôf."

"Hjoed in oar Cambuur sjoen"

"Nei it skoft ha we in oar Cambuur sjoen, mear op de counter. Dat kinne we ek. Ik bin hiel tefreden oer hoe't it ôfrûn is."

De Jong kaam noch ien kear werom op it ferlies mei 9-0 tsjin Ajax fan ferline wike. "Ferline wike diene we dingen net goed, mar dêr ha we nei sjoen. Dêr binne we mei dwaande. Ik ha justerjûn ek noch nei Ajax sjoen, dat hie wer 7-0 wurde kind, dêr meitsje ik my net mear drok om."

(Advertinsje)
(Advertinsje)