Hearrenfean makket in soad flaters en ferliest fan FC Twente

26 sep 2021 - 16:38

Sc Hearrenfean hat de wedstriid tsjin FC Twente snein mei 2-3 ferlern. De Friezen spilen in dramatyske earste helte en koenen dat net mear goedmeitsje.

Foto: Orange Pictures

Hearrenfean hie in minne start. Ibrahim Dresevic rekke Ricky van Wolfswinkel mei de earmtakke yn it gesicht. Skiedsrjochter Manschot fûn it foldwaande foar in strafskop. Van Wolfswinkel skeat de bal der sels yn: 0-1.

Opstelling sc Hearrenfean: Mulder; Van Ewijk, Van Beek, Dresevic, Woudenberg; Madsen, Halilovic, J. Veerman; Musaba, H. Veerman en De Jong.

Noch gjin twa minuten letter hie it ek samar 0-2 wurde kinnen. Daan Rots stie allinnich foar Erwin Mulder, mar de doelman fan Hearrenfean koe rêding bringe.

Blessueres

By dy aksje rekke Mulder wol blessearre oan de hân. Hy koe lykwols oplape wurde troch de medyske stêf. Dat siet der foar Siem de Jong net yn nei't er him ferstapte. Hy waard ferfongen troch Arjen van der Heide.

Hearrenfean ûntsnapte nei in healoere oan de 0-2. Ramiz Zerrouki skeat de bal der fan grutte ôfstân fantastysk yn, mar earder yn de oanfal wie it bûtenspul en dus waard de goal ôfkard.

Ramiz Zerrouki hellet út en skoart, mar de goal wurdt ôfkard - Foto: Orange Pictures

Krekt foar it skoft waard it dochs 0-2. Milan van Ewijk spile de bal min werom op Mulder. Rots koe dertusken komme en koe de bal ienfâldich yn de goal tikje.

Yn de twadde helte kaam reservekeeper Xavier Mous dochs yn it fjild foar Mulder, dy't noch te folle lêst fan de hân hie.

Achtste eigen goal Van Beek

Yn de 66ste minút seach Mous der net goed út. Sven van Beek spile de bal mei in stuitsje werom. Mous koe de bal net fuortwurkje en sa rôle de bal sa de goal yn: 0-3.

It wie al it achtste eigen doelpunt fan Van Beek. Hy is rekôrhâlder measte eigen doelpunten yn de earedivyzje.

Halilovic docht wat werom

In kertier foar it ein fan de wedstriid makke Hearrenfean noch in doelpunt. In skot fan Tibor Halilovic waard fan rjochting feroare troch Robin Pröpper en bedarre sa efter Twente-keeper Lars Unnerstall: 1-3.

Hearrenfean leaude der wer yn en makke yn de 81ste minút sels 2-3. Henk Veerman skeat in perfekte foarset fan de rjochterkant yn de goal.

De ploech fan Johnny Jansen die der alles oan om noch lyk te meitsjen, mar de 3-3 foel net mear. Hearrenfean stiet no achtste mei 10 punten.

Trefwurden: 
SC Hearrenfean fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)