RIVM telt 82 nije coronabesmettingen yn Fryslân

26 sep 2021 - 15:56

Der binne yn Fryslân yn de ôfrûne 24 oeren 82 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der trettjin minder as sneon, doe waarden 95 besmettingen meld.

De testlokaasje fan de GGD yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus. Ek binne der gjin Friezen mei corona opnaam yn it sikehûs.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)