Habtamu de Hoop: "Mona Keijzer terjochte ûntslein"

Mona Keijzer hat folslein terjochte dien krigen nei har krityk op it coronabelied fan it demisjonêre kabinet. Dat seit Twadde Keamerlid Habtamu de Hoop fan de PvdA yn it nijsfoarum fan Buro de Vries op Omrop Fryslân radio.
Habtamu de Hoop © Omrop Fryslân, René Koster
Keijzer (CDA) die útspraken oer de ynfiering fan de coronapas yn deiblêd de Telegraaf. Se sei yn it ynterview mei de krante dat se it "steeds moeilijker uit te leggen" fynt dat minsken mei in pas sjen litte moatte oft se faksinearre of test binne om in kafee of restaurant binnen te kommen.
Dat kin echt net. Yn dizze coronatiid is it belangryk dat jo as kabinet ienheid útstriele.
Habtamu de Hoop
Neffens De Hoop is it 'not done' om as in kabinet in beslút naam hat, dêrnei nei bûten ta it belied ôf te fallen. As Twadde Keamerlid kinst bytiden wol in ôfwikend stânpunt ynnimme, mar as steatssekretaris of minister kinst yn it kabinet beswieren ynbringe. As der troch in mearderheid besletten wurdt, dan moatst dy derby dellizze of opstappe.
"Mona Keijzer hat terjochte dien krigen"
De oare foarumleden yn Buro de Vries fine it ek terjochte dat Keijzer har boeltsje pakke moast. Sjoernalist by de Ljouwerter Krante Irene Overduin seit dat derfoar tekene wurdt, as je in posysje yn in kabinet krije, dat jo mei ien mûle sprekke. Ek VVD-steatelid Durk Pool seit dat soks oan de foarkant bekend is.
Habtamu de Hoop, Irene Overduin en Durk Pool oer de aktualiteiten fan dizze wike