Haadrol Kallon by romme oerwinning Cambuur op Sparta Rotterdam

26 sep 2021 - 14:13

Mei twa doelpunten en in assist hat Issa Kallon Cambuur trije punten besoarge tsjin Sparta Rotterdam. De Ljouwerters wienen mei 0-4 te sterk.

Foto: Orange Pictures

By Cambuur wie Jamie Jacobs der net by. De middenfjilder hat in blessuere en waard yn de basisopstelling ferfongen troch Mitchel Paulissen.

Opstelling SC Cambuur: Stevens; Schmidt, Mac-Intosch, Tol, Bangura; Breij, Maulun, Hoedemakers; Paulissen, Boere en Kallon.

Cambuur hie it dreech yn de iepeningsfaze en de earste kânsen wienen foar Sparta. Geandewei de earste helte kaam Cambuur wat better yn de wedstriid sûnder in protte te kreëarjen.

Bangura brekt wedstriid iepen

Nei goed in healoere krige Sparta in bêste kâns op de iepeningstreffer. Nei in knappe aksje skeat Emanuel Emegha de bal krekt njonken.

De earste goede oanfal fan Cambuur wie wol raak. Issa Kallon betsjinne Alex Bangura mei in tûk lobke en Bangura skeat de bal fia Spartakeeper Maduka Okoye yn de goal: 0-1.

Bangura hellet út foar de 0-1 - Foto: Orange Pictures

Sparta begûn fûl oan de twadde helte, mar Cambuur joech net folle fuort.

Kallon beslikket wedstriid

Nei 63 minuten stjoerde Marco Tol Kallon de djipte yn. Mei syn snelheid wie hy net mear te efterheljen foar de Sparta-ferdigening en ien op ien mei Okoye makke Kallon gjin flater: 0-2.

Emegha krige efkes letter wol in grutte kâns om Sparta werom te bringen yn de wedstriid, mar fan tichteby skeat hy njonken. Noch gjin minút letter wie Emegha wer driigjend, mar no rekke hy de peal.

Sparta socht mei man en macht nei de oanslutingstreffer en sa koe Cambuur moai counterje. Breij sette mei in lange bal Kallon allinnich foar de keeper en de oanfaller skeat de bal der sûnder problemen yn: 0-3.

Kallon hie snein in protte redenen om te jubeljen - Foto: Orange Pictures

Jasper ter Heide rekke yn de slotfaze noch de peal en wie sa dus noch tichteby de 0-4.

Sparta makke de wedstriid ôf mei tsien spilers nei't Aaron Meijers Tom Boere ûnderút skopt hie. Dyselde Boere naam yn blessueretiid sportive revâns troch der 0-4 fan te meitsjen.

Fuort nei dy goal fluite de skiedsrjochter foar de ein fan de wedstriid. Dêrmei hat Cambuur no 12 punten út 7 wedstriden. De Ljouwerters steane foarearst op it sechsde plak yn de earedivyzje.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)