Fryske klassiker oerset: roman Haitze Holwerda no ek yn it Biltsk

De Fryske klassiker 'De sûnde fan Haitze Holwerda' is no ek yn Biltske oersetting ferskynd. Yn de roman dy't yn 1938 útkaam, waarden de wurden fan de Biltske boere-arbeiders doe al yn harren eigen taal oanhelle. Biltsk yn de Fryske literatuer kaam doe net faak foar.
© Sytse Buwalda
Opfallend is dat yn dizze Biltske ferzje de haadpersoan boer Haitze Holwerda wol Frysk 'praat'. Dat hat de oersetter dien omdat yn de Fryske ferzje de Bilkerts ek harren eigen taal praten.

Boer tsjin syn arbeiders

It ferhaal giet oer boer Holwerda, dy't trije Biltske arbeiders ynhiert foar it ynheljen fan it hea. Dy arbeiders wurkje folle flugger as tocht en en dan beslút Holwerda de ôfspraken oer de betelling iensidich oan te passen, yn syn foardiel. De Bilkerts protestearje, mar de boer jout net ta. oant er hielendal oan de ein ta ynkear komt.

Skoalmaster

It boek is skreaun troch Ulbe van Houten, eartiids skoalmaster yn Sint-Anne. De Biltske oersetting is makke troch Sytse Buwalda. Syn heit hie persoanlik kunde oan Van Houten. Buwalda sr. kontrolearre en korrizjearre de Biltske dielen yn it boek.
Sytse hie thús wol sân eksimplaren te lizzen. Alle kearen as der wer in printinge ferskynde, krige syn heit in eksimplaar. "Ik hew dat boek heel faak lezen en dat boeide mij och soa. Niet alleen om 't ferhaal, maar ok om de kinmerkende sfeer. Dat sit him in de Frise en de Bildtse ferzy, maar niet in de Nederlânse."

Toanielstik

Der binne foarearst twahûndert eksimplaren fan de Biltske 'De sonde fan Haitze Holwerda' printe. Dat liket net folle, mar it is ek mar in lyts taalgebiet. Buwalda tinkt dat er de boeken wol kwytrekket.
Foar it toanielstik dat er oer it boek skreau, wie doedestiids ek in soad belangstelling. Dat waard yn de jierren 2009 en 2010 fyftjin kear opfierd.
Sytse Buwalda