Drok en gesellich yn sintrum Ljouwert op earste stapjûn sûnder oardel meter

26 sep 2021 - 11:33

De earste útgeansjûn sûnder oardel-meter en mei de ferplichte corona-check-app oan de doar hat gjin problemen opsmiten. Dat is de konklúzje nei de jûn dat de kroegen wer iepen mochten sûnder in maksimumtal besikers en mei live-muzyk. En elkenien koe wer dûnsje.

De sfear siet der goed yn op earste stapjûn yn Ljouwert sûnder oardel meter - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

De stappers fine it absolút gjin probleem, sa'n corona-app. "It fielt hiel feilich", seit in famke tsjin Omrop Fryslân. Om tolve oere wie it smoardok yn it útgeansgebiet fan Ljouwert. De kafees giene ticht en elkenien stie bûtendoar.

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust fong de reaksjes op: "De sfear wie opperbêst. It koe net better. Wy meie wer nei sa'n lange tiid. Dat wie lang lyn", sei ien fan de stappers.

Druk my mar sa'n staaf yn de noas.

Stapper yn Ljouwert fynt teste yn it foar gjin probleem

"Faksinearje is de oplossing. Ik haw sels fan 'e middei noch in testje dien. Gjin probleem. Druk my mar sa'n staaf yn de noas", sei dyselde man.

It moaiste wie dat se net mear hoege te sitten, seit wer in oarenien. Lekker wer de kroech yn, lekker stean, 'skuere' en dûnsje mei syn allen.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust praat mei de stappers

Yn it foar wie by de kafee-eigeners in soad wjerstan tsjin de ferplichte corona-check-app. Ek de slutingstiid fan 12 oere wolle sy net. Dochs sjocht Ton Eijer, eigener fan kafee Scooters en foarsitter fan it hoarekabûn yn Ljouwert werom op in slagge earste frije stapjûn.

Minsken bliid, gesellich, dûnsje, folle bak, it is in moai feest.

Ton Eijer, eigener fan kafee Scooters en foarsitter fan Hoarekabûn Ljouwert

It is even wennen mei de corona-app. De hoareka is der net bliid mei, mar as it op dizze manier wer kin, dan moat it mar, seit Eijer: "Minsken bliid, gesellich, dûnsje, folle bak, it is in moai feest."

Eijer snapt dat guon hoarekaûndernimmers net meidwaan wolle oan de corona-app. "It is dochs wer in belemmering fan jo frijheid. Wy ferkeapje gesellichheid. De funksje fan kontrôle leit net by ús, fine wy. Mar it moat. Op in protte plakken is de check-app alwer ôfskaft. Miskien moatte wy der in pear wiken mei wurkje en dan hoopje we dat it wer normaal is. "

As it goed giet, binne we der miskien mei in pear wiken wol wer fanôf.

Ton Eijer

By Scooters foel it ta mei diskusje oan de doar fan minsken dy't deryn woene sûnder de ferplichte QR-code op de tagongs-app. Diskusje hawwe je altyd, seit Eijer. "Kinst net elkenien tefreden stelle. Der wie by ús in famke dat sei: 'Ik kom hjir al jierren.' Ik sei: 'It is net oars. Wy moatte oan de regels foldwaan. As it goed giet, binne we der miskien mei in pear wiken wol wer fanôf. Dan kinne wy wer normaal dwaan.'"

De ferplichte sluting om tolve oere gong reedlik goed. Eijer: "Minsken begripe dat it net oars kin. Mei wat se no al kinne, binne se hiel bliid."

Trefwurden: 
Ljouwert útgean coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)