Hurdridersklup Hearrenfean is jier lang bêste reedrydklup fan Nederlân

25 sep 2021 - 21:44

Reedrydklup HCH Hearrenfean is sneontemiddei yn Thialf Nederlânsk kampioen wurden. Foar de Feansters kamen ûnder oare Antoinette de Jong, Suzanne Schulting en Reina Anema yn aksje.

Foto: Orange Pictures

It wie de tredde edysje fan it nasjonaal kampioenskip foar iisklups. Mei troch winst op de 1000 meter (Antoinette de Jong), winst op de 3000 meter (Reina Anema) en in twadde plak op de 1500 meter (Suzanne Schulting) pakte HCH, of Hardrijdersclub Heerenveen, de titel.

By dit toernoai meie dielnimmende klups foar elke ôfstân ien dielnimmer oanwize by de manlju, froulju en junioaren. De klup mei it beste totaal wint it NK. STV Lekstreek waard twadde, mei troch in oerwinning fan Patrick Roest op de 3000 meter. Stokvisdennen út Dalfsen waard tredde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)