Lykspul foar LDODK yn eigen hús tsjin KCC

25 sep 2021 - 20:35

De kuorballers fan LDODK ha sneontejûn yn eigen hûs mei 20-20 lykspile tsjin KCC út Capelle aan den IJssel. It wie foar LDODK de lêste thúswedstriid fan de fjildkompetysje fan dit jier.

Yn de earste helte gie it oant 6-6 lykop. Dêrnei pakten de besikers seis punten op rige. LDODK kaam foar it skoft noch wol wat werom, mar gie mei in efterstân oan de tee (10-14).

Nei it skoft besocht LDODK út alle macht om werom te kommen yn de wedstriid. KCC koe it ferskil lang op 3 punten hâlde, mar mei noch tsien minuten te gean makke Ran Faber der 16-16 fan. De spanning bleaun dêrnei yn de wedstriid. LDODK pakte yn de spannende slotfaze in foarsprong fan twa goals en like op 20-18 de winst binnen te heljen. Mar yn de lêste minút wisten de gasten der dochs noch in punt út te slepen: einstân 20-20.

Takom wike slute de Friezen de earste helte fan de fjildkompetysje ôf yn Amsterdam tsjin Blauw-Wit (A).

Stân Eareklasse A

Team Duels Punten
1. DOS'46 4 6
2. Fortuna 4 5
3. LDODK 4 5
4. KCC 4 4
5. Blauw-Wit (A) 4 4
6. DeetosSnel 4 0
Trefwurden: 
kuorbal LDODK eareklasse
(Advertinsje)
(Advertinsje)