Dokkum belibbet earste dei sûnder oardel meter

25 sep 2021 - 19:47

Nei oardel jier fan oardel meter ferfalt dizze sneon it twingende advys om ôfstân te holden. Ek fêste plakken yn de hoareka binne net langer nedich. Dat betsjut wol dat fan alle gasten fan 13 jier en âlder ferwachte wurdt dat se in coronapas sjen litte as se nei binnen wolle.

"Fan corona fernimme je net folle mear"

Op de Heechstrjitte yn Dokkum is der neffens in foarbygonger net in soad feroare: "It is hjir alle wykeinen drok. Ferline wike wie der ek gesellige drokte. De oardel meter ha ik doe ek net in soad fan fernaam."

Fan ein augustus oant begjin oktober stean de wykeinen yn Dokkum yn it teken fan De Wiken fan de Admiraal. Dizze sneon stiet der strjitteteäter op it programma. In jong pear út Drachten fernimt dat de geselligens werom is: "Heel veel mensen, gezelligheid en van de corona merk je niet veel meer. Ik vraag me af of het allemaal goed gaat, maar het is wel gezellig."

Gesellich drok

Ek by de hoarekasaken is it gesellich drok. Bygelyks op it terras fan de stedsbrouwerij Bonifatius. Ek dêr wurdt it tenei in QR-koade sjen litte as minsken binnen sitte wolle. In besiker op it terras fynt de QR-koades mar neat: "Ik fyn it net sa folle wurdich. Ik ha der sels noch net ien op myn telefoan. Dat komt miskien mei de tiid wol, mar dat sjogge we dan wol wer."

Ek syn frou wol net oan de coronapas: "Ik ha al binnen west, dat koe noch wol. Ik mocht efkes myn teepûdsje pakke, dan der wer út en dan klear." In âldere Dokkumer jout oan dat se gjin probleem hat mei de QR-koades. Har beppesizzers hawwe holpen om de app te ynstallearjen.

Net alle restaurants yn Dokkum wurkje mei oan de coronapas. Sy woene fierder net reagearje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)