Bysûndere finish by triatlon: winner giet mei poppe oer de streek

25 sep 2021 - 18:54

Yn Stiens stie sneontemiddei de fjirtjinde edysje fan de Triatlon fan Stiens op it programma. Eins soe dy holden wurde yn 2020, mar dat gie net troch fanwege de pandemy. Ek yn juny fan dit jier koe it evenemint noch net trochgean.

De winner by de manlju

Swimme, fytse en hurdrinne binne sneon de trije haadyngrediïnten. Sûnt 2006 wurdt yn it doarp boppe Ljouwert al in triatlon holden. De lêste kear wie yn 2019, mar no koe de útstelde ferzy dochs trochgean.

By de froulju wie der sukses foar Stienzer Meike Regeling. Sy wûn op it ûnderdiel sprint by de froulju.

By de manlju wie Anton Theo Borger fan Boelensloane op de sprint de rapste. Syn foarsprong wie grut genôch om foar de einstreek syn seis wiken âlde poppe Hiske noch op de earm te nimmen.

Trefwurden: 
Stiens triatlon coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)