Moaie sneon foar Fryske fuotbalklups: winst foar Harkema, Bûtenpost en ONS

25 sep 2021 - 17:14

It wie in gouden wykein foar de Fryske topamateurfuotballers. Harkemase Boys, Bûtenpost en ONS Snits pakten allegear trije punten. Alle ploegen dogge no boppe-yn mei yn harren kompetysje.

Kian Visser yn duel mei in spiler fan ACV - Foto: Orange Pictures

Nei de bekerstunt tsjin Katwijk, besocht Harkemase Boys om tsjin de nûmer twa fan de kompetysje, ACV út Assen, de goede line troch te lûken. Dat slagge yn it begjin aardich, want de Boys krigen nei in oertrêding op Jhurrey Margaritha in strafskop. Kian Visser skeat raak: 0-1.

ACV wie efkes letter tichteby de lykmakker, mar Freddy Quispel rekke de latte.

Reade kaart trainer Bosma

Nei it skoft bleau ACV sykje nei de 1-1. Ald-Harkemase Boys-spiler Ezra Schrijver besocht it mei in heale omhaal, mar de ferdigening fan de Boys goaide him foar de bal.

Krekt foar it einsinjaal waard trainer Jan-Piet Bosma efter de hikken stjoerd nei't er te faak út syn trainersfak rûn.

Jan Piet Bosma nei syn reade kaart

ACV krige yn de lêste minuten noch in pear bêste kânsen, mar mei keunst- en fleanwurk en in goed keepjende Erick Jansema luts Harkemase Boys de oerwinning oer de streek.

De Boys steane foarearst twadde yn de tredde divyzje.

Trainer Jan-Piet Bosma en Erick Jansema nei ôfrin fan de wedstriid

Op Sportpark De Swadde naam Bûtenpost it op tsjin AZSV út Aalten. De Blaukes wienen ûngelokkich yn de begjinfaze: Rob Schokker rekke yn in tiidsbestek fan twa minuten twa kear de latte.

Willem de Boer op dreef

Nei rom in healoere slagge it Bûtenpost wol om te skoaren. Willem de Boer skeat de bal binnen nei in moaie pass fan Robin Huisman de Jong: 1-0. Yn de twadde helte wist De Boer nochris it net te finen: 2-0. Dêrmei wie de wedstriid wol beslikke.

AZSV besocht noch wol wat werom te dwaan, mar fierder as in skot tsjin de peal kamen se net.

Swiere blessuere Huisman de Jong

Yn de slotfaze krige Bûtenpost dochs noch in klap te ferwurkjen. Robin Huisman de Jong moast nei de kant mei in blessuere oan de holle en waard nei it sikehûs brocht. De wedstriid waard efkes stillein troch de skiedsrjochter. Bûtenpost liet op it twitterkanaal fan de klup witte dat it nei omstannichheden goed giet mei Huisman de Jong.

Jorn Jongsma makke der yn de lêste minút noch 3-0 fan. Bûtenpost is no twadde yn de haadklasse. De Blaukes steane trije punten efter koprinner Urk.

Willem Brouwer oer de wedstriid en de blessuere fan Huisman de Jong

Nûmer trije RKAV Volendam is op papier in swiere tsjinstanner foar ONS Snits en yn de wedstriid die dat ek wol bliken. De earste grutte kânsen wienen foar de ploech út Volendam.

ONS op lokkige wize op foarsprong

Nei in kertier wie it lykwols ONS dat de skoare iepene. In skot fan Wesley Tankink waard fan rjochting feroare en doe koe Gerben Visser de bal ienfâldich yn de goal tikje: 1-0.

De druk fan Volendam waard nei de goal allinnich mar grutter, mar de grutste kâns wie wol foar de Snitsers: Han van Dijk rekke de peal. Oan de oare kant kreëarre Volendam de iene nei de oare kâns, mar sûnder sukses. Sa wie it by it skoft 1-0 foar ONS.

Spektakelstik yn twadde helte

Yn de 64ste minút ferdûbele ONS de foarsprong. De Snitsers krigen in strafskop en Wesley Tankink makke gjin flater: 2-0. De marzje wie lykwols fluch wer ien: Pieter Kroon skeat yn de 67ste minút de bal efter ONS-doelman Tristan Boersma.

Tsien minuten letter wienen de Snitsers de foarsprong kwyt. Joey Tol skeat de bal yn it doel: 2-2. Mar de doelpunten foelen yn dizze faze as ripe apels, want in minút letter wie it troch Gerben Visser alwer 3-2.

Dy foarsprong joech ONS net mear út hannen. De ploech fan trainer Jan Vlap stiet no sechsde yn de haadklasse mei njoggen punten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)