Measte amateurfuotbalklups kontrolearje net op coronapas: Net te dwaan

25 sep 2021 - 17:08

De measte amateurfuotbalklups kontrolearje net op de coronapas. Dat docht bliken út in enkête fan in belangeferiening. Der binne net genôch frijwilligers en betelle kontrôle is te djoer.

"We moeten geen kampen krijgen tussen wel- en niet-gevaccineerden"

Sneon begjint de kompetysje foar de jeugd wer. Der is ekstra drokte op de fjilden. Ek by ONS Snits is gjin kontrôle, seit Joan van der Veen, foarsitter fan dy klup: "Dat is wat ons betreft echt onuitvoerbaar. Dan zouden we mensen moeten inhuren en dat kunnen we niet betalen. Of dan moeten de eigen vrijwilligers aan de eigen leden gaan vragen om hun QR-code te laten zien."

Dat soe betsjutte kinne dat de klup yn oertreding is. Van der Veen wiist derop dat se it mei-inoar oprêde moatte. "We zijn één vereniging. We moeten ervoor zorgen dat we geen kampen krijgen tussen wel- en niet-gevaccineerden."

Yn de kantine hawwe se by ONS wol gebrûk makke fan de útsûndering foar sportkantines. Dus in diel hoareka en in oar diel dêr't minsken efkes sitte meie.

Van der Veen is bliid dat de wedstriden wer begjinne. "Ik zie de jeugd de velden op komen. We hebben er ontzettend veel zin in. Prachtig dat het weer kan."

Joan van der Veen, ONS Snits

Jan Rienstra stiet by it fjild nei ONS-Hearrenfean te sjen. Under de 8 jier. Hy is in echter ONS'er, fertelt er. Syn pakesizzers Kyan en Boaz fuotbalje by de jeugd fan ONS. "Geweldich om de bern wer fuotbaljen te sjen. Dat se genietsje en dat de frijheid der wer is", seit Rienstra glunderjend.

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort is by ONS-Hearrenfean ûnder de 8 jier

(Advertinsje)
(Advertinsje)